Stikstofminister: 300 boeren wolle gebrûkmeitsje fan pykbelestersregeling

Trijehûndert boeren hawwe it ministearje fan Lânbou wite litten dat se graach gebrûkmeitsje wolle fan de pykbelestersregeling. Minister Christianne van der Wal fan Natuer en Stikstof makke dat tongersdei bekend yn de Twadde Keamer.
Pykbelesters, dy't in soad stikstof útstjitte yn de buert fan in kwetsber natuergebiet, kinne gebrûkmeitsje fan in neffens de minister "woest aantrekkelijke" regeling. De regeling hâldt yn dat dy groep boeren oant 120 prosint fan harren bedriuwswearde krije kinne.
Oare feehâlders kinne oant 100 prosint fan de wearde fan harren bedriuw krije.
Yn totaal ha sa'n 39.000 boeren online besjoen foar watfoar regeling oft se mooglik yn oanmerking komme. "Dat zegt niets over de stappen die ze gaan zetten. Bijna vijfhonderd van hen hebben aangegeven dat ze daadwerkelijk gebruik willen maken van een beëindigingsregeling."
De Twadde Keamer trune der tongersdei by de minister op oan dat se njonken de ophâldregeling ek gau mei regelingen komt foar it ferpleatsen en it duorsumer meitsjen fan boerebedriuwen.
Wachtsje op grien ljocht
Van der Wal is neffens eigen sizzen 'keihurd' mei dy regelingen oan de gong, mar hat foar publikaasje wol grien ljocht nedich fan de Europeeske Kommisje.
Fierder fynt de minister dat de provinsjes "scherpere keuzes" meitsje moatte yn harren programma's foar it lanlik gebiet, wêryn't se útlizze hoe't se de stikstof-, klimaat- en wetterdoelen helje wolle. De provinsjes hawwe by it Ryk plannen ynlevere foar 58 miljard, wylst der 24,3 miljard beskikber is.
Van der Wal freget de provinsjes dêrom om mei in 2.0-ferzje te kommen, dy't wol yn de begrutting past. "Dat hebben we ook afgesproken: 1 juli een eerste versie en daarna samen stappen zetten om het verder uit te werken en vooral concretere keuzes te maken."
Meer geld komt er echt niet.
Foar goeie foarstellen dy't op ridlik koarte termyn winst opsmite op it mêd fan klimaat, wetter en natuer komt der boppedat in aparte 'koplopersregeling', dy't apart finansiere wurdt. As foarbyld fan sa'n mooglik koprinnersprojekt neamt de minister it ferheegjen fan it wetterpeil yn it feangreidegebiet.
De provinsje Fryslân hat de kosten fan it Frysk Programma Lanlik Gebiet (FPLG) begrutte op 5,2 miljard. Ek dy begrutting is neffens de minister te heech. "Meer geld komt er echt niet. We moeten daarom scherp kiezen en goed kijken naar de doelen en effectiviteit. Daarover ga ik met de provincies in gesprek."