Liveblog | 8 septimber

112-nijs 8 septimber: Ferwûne fytser op fytspaad by Snits | Smogwarskôging en stookalert

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 8 septimber, 20:44
20:44

Fytser ferwûne by Snits

© BTBfotografie
In fytser is ferwûne rekke by in ûngelok op it fytspaad by De Harste yn Snits. De man waard om 19.00 oere hinne fûn troch in foarbygonger, dy't de helptsjinsten alarmearre hat.
In ambulânse, de plysje en in traumahelikopter binne oproppen om help te ferlienen. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht.
It is net bekend hoelang't de man op it fytspaad lein hat en wat der krekt bard is. De plysje docht ûndersyk.
19:07

Smogwarskôging en stookalert

It RIVM warskôget de kommende dagen foar smog yn hiel Nederlân. Ek jildt der in stookalert foar it hiele lân. "Tot en met zondag 10 september 2023 wordt de luchtkwaliteit naar verwachting onvoldoende tot slecht in geheel Nederland vanwege smog door ozon en fijnstof", meldt it RIVM.
Minsken dy't hjir gefoelich foar binne, kinne problemen oan de luchtwegen krije. It RIVM advisearret harren om yn 'e hûs te bliuwen en swiere lichaamlike ynspanning te beheinen. Dit advys jildt foaral yn de neimiddei en betide jûn, omdat de loft dan it meast fersmoarge is. Troch in stookalert ôf te jaan, hopet it RIVM dat de kwaliteit net noch minder wurdt.
14:56

Wurkstraf om drugs en yllegaal fjoerwurk yn auto

In man út Wolvegea hat in wurkstraf fan tachtich oeren krigen, omdat er betrape waard mei drugs en yllegaal fjoerwurk yn de auto. It gie om ûnder oare speed en ketamine, en om Cobra's.
De fertochte sei by de rjochtbank dat er nei syn oanhâlding yn de gaten krige dat er ferkeard oan de gong wie. Hy is doe nei in psycholooch stapt om oan himsels te wurkjen.
Der wie 160 oeren wurkstraf easke, mar dêr helle de rjochter de helte ôf.
14:00

Treinen tusken Ljouwert en Grins ride wer

De steuring op it spoar tusken Ljouwert en Grins is ferholpen. De treinen ride wer.
12:04

Minder treinen

Fanwegen in steuring op it trajekt tusken Ljouwert en Grins ride der op it stuit minder treinen. Dat duorret nei ferwachting oant ûngefear 13.45 oere.
11:10

Twa drugshûzen ticht

Boargemaster Buma fan Ljouwert hat twa hûzen sletten fanwegen in drugsoertreding. It giet om in wenning oan de Wurdumerdyk yn de stêd en ien oan de Ahornstrjitte.
Op dat earste plak waard 245 gram himp en 24 gram hasj fûn. Der waarden ek yllegaal gokspultsjes organisearre. It hûs moat trije moannen ticht bliuwe.
Yn it hûs oan de Ahornstrjitte is 3,46 gram kokaïne fûn, 4,78 gram himp en fiif himpplanten. De plysje hie in yllegale tip krigen oer hannel yn drugs dêr. It gebou is foar in healjier sletten.