COA jout dúdlikheid oer mooglik azc Hearrenfean-West: "Minimaal 450 mensen, maximaal 600"

In 'stimbiljet' dat tsjinstanners fan it azc útdiele © Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân
It Centraal Orgaan opvang Asielzoekers (COA) hat dúdlikheid jûn oer it tal asylsikers dat opfongen wurde moat op de lokaasje Hearrenfean-West, dêr't mooglik in azc komt.
It giet om minimaal 450 minsken en maksimaal 600, sei regiomanager Corina Deekens tongersdeitejûn op in ynringearkomste yn Thialf.
Op de byienkomst wiene sa'n 750 omwenners ôfkaam. Sy koene mei harren fragen telâne by ûnder oare gemeenteriedsleden, de plysje en minsken fan it COA.
Ek boargemaster Tjeerd van der Zwan fan It Hearrenfean wie oanwêzich. Oan it begjin fan de jûn gie hy nei bûten om it petear oan te gean mei minsken dy't foar de yngong fan Thialf flyers útdielden.

'Omwonenden zijn boos'

Dat barde op inisjatyf fan de Stichting Leefbaarheid Rottum, Oudehaske, De Greiden, De Heide e.o. "De stichting wil een eerlijk en transparant proces. Op dit moment zijn de omwonenden boos. Het vertrouwen is weg", leit wurdfierder Marleen Snider út. "Veel mensen hebben het idee dat de locatie al vaststaat."
© Dennis Stoelwinder
Snider seit mei klam dat der, wat de stichting oanbelanget, bêst romte is foar asylsikers: "Wij zijn niet tegen vluchtelingen. Wij willen ze ook helpen, maar dan wel in een kleinschalige vorm."

Spandoeken

Foar Thialf binne ferskate spandoeken dellein. Henk woont nog bij zijn ouders thuis, wanneer krijgt hij een eigen huis? falt te lêzen. Voor starters geen eigen stek, voor asielzoekers altijd plek stiet in pear meter fierderop.
Boargemaster Tjeerd van der Zwan sjocht de spandoeken ek. "Mensen hebben natuurlijk vragen. 'Hoe zit het met de veiligheid, hoe komt het met de waarde van mijn huis, wat voor mensen komen er in dat azc?' Dat zijn allemaal legitieme vragen", fertelt de boargemaster.
"Wij gaan daar graag het gesprek over aan op basis van de juiste feiten. Want ik hoor ook dat het hier een tweede Ter Apel wordt en dat er minimaal 900 mensen worden opgevangen. Dat is pertinent niet waar."
© Dennis Stoelwinder
By de ynformaasjetafel fan it COA yn Thialf kamen ûnder de gearkomste benammen fragen binnen oer hoe grut oft it mooglike azc by Hearrenfean-West no wurdt. Dêr wiene ôfrûne wiken ferskate meidielingen oer dien, dy't útinoar rûnen fan 200 oant 900 asylsikers. De measte besikers fan de gearkomste sprutsen benammen har soargen út oer de omfang fan de opfang.
"Voor de locatie Heerenveen-West gaat het om minimaal 450 mensen en maximaal 600 mensen", jout lokaasjemanager Corina Deekens dúdlikheid. "Veel mensen vinden dat wel heel veel. Ze zien dat aantal liever verdeeld worden over meerdere kleinschalige locaties. Maar gezien de manier waarop wij gefinancierd worden, is dat gewoon te duur.
It COA is net bang dat it draachflak fan boargers nei ûnder gean sil troch de grutskalichheid fan de mooglike opfang. "In Sneek worden 600 mensen opgevangen, in Drachten ook. De opvang in Balk is voor 500 mensen en dat gaat eigenlijk overal goed. Maar ik begrijp de gevoelens van de mensen wel heel goed, laat dat duidelijk zijn."