Nei jierren yn Ljouwert ferhuzet festival Psy-Fi yn 2024 nei Oldenzaal

Psy-Fi © Omrop Fryslân
It psychedelyske festival Psy-Fi dat jierren yn de Griene Stjer by Ljouwert organisearre waard, ferhuzet takom jier nei Oldenzaal. Dat meldt de organisaasje op de eigen webside.
It festival soe it each falle litten ha op rekreaasjepark Het Hulsbeek flakby Oldenzaal. Rekreaasjeskip Twente sjocht it wol sitten, dy fynt dat it wat taheakket oan it oanbod yn de regio, skriuwt deiblêd Tubantia.
De festivalorganisaasje skriuwt op de webside bliid te wêzen mei in bûtengewoane kâns om it festival opnij út te finen en nei in heger nivo te tillen, Psy-Fi 2.0.
Dit wurdt de nije lokaasje fan it festival Psy-Fi by Oldenzaal:
Psy-Fi waard fan 2014 oant en mei 2019 holden yn de Griene Stjer yn Ljouwert en luts faak goed 10.000 besikers, mar koe de ôfrûne jierren hieltyd net trochgean.
Dat kaam foar in part troch de coronakrisis, mar noch faker trochdat de fergunningen ûnjildich ferklearre waarden yn de rjochtbank. Neffens de stichting Groene Ster Duurzaam botst it festival mei de natuerbelangen yn it gebiet.