Minister jout garnalefiskers "alle romte" om katalysator foar skjinne motor te keapjen

Piet Adema, minister fan Lânbou en Fiskerij © ANP
Garnalefiskers dy't noch gjin skjinne motor hawwe, krije fan demisjonêr minister Piet Adema fan Lânbou en Fiskerij mear tiid om in katalysator te keapjen. De minister makke dat tongersdei bekend yn de Twadde Keamer.
Mei yngong fan 1 oktober meie allinnich garnalefiskers mei in skjinne motor mei katalysator útfarre. Dy katalysator hat lykwols sa'n lange levertiid, dat de measte fiskers ûnmooglik oan de easken fan it Ryk foldwaan kinne.
Piet Adema
Op oantrúnjen fan de Twadde Keamer krije de garnalefiskers fan Adema no alle romte om oanpassingen te dwaan. "As de garnalefiskers net yn steat binne om foar 1 oktober in ynvestearring te dwaan dy't nedich is om de stikstof te redusearjen, dan moatte wy mear romte jaan oan de fiskers", seit Adema.

Wurkje oan takomstfyzje

Adema wol mei de garnalefiskers om tafel om te oerlizzen oer in perspektyf foar de langere termyn. "Dizze fiskerij moat besteansrjocht hâlde en dêrom wol ik mei de garnalefiskers wurkje oan in takomstfyzje."
De Twadde Keamer hat dizze wike ôfpraat dat it parlemint trochgean wol mei de oanpak fan stikstof- en natuerproblemen. Tongersdei waard Adema oanmoedige om troch te gean mei syn beleid.
Adema twivelet dêroer. Om't it kabinet demisjonêr is, fielt hy net de romte om bygelyks mei "in grut yntegraal lânbouplan" te kommen.