Stoflike resten fûn by berging delstoarte Lancaster yn Iselmar

Der binne stoflike resten fûn by de berging fan de Britske bommewerper Lancaster ED603 yn de Iselmar. It fleantúch waard yn de Twadde Wrâldoarloch troch in Dútsk jachtfleantúch delhelle.
Fan de sân bemanningsleden binne der noch altyd trije fleaners fermist. De stoflike resten dy't fûn binne, binne nei alle gedachten fan ien of mooglik meardere fan dizze fermiste fleaners.
Ofrûne moandei is begûn mei de berging fan de Lancaster. It doel fan de berging is ek om de fermiste fleaners werom te finen en harren in lêste rêstplak te jaan.
Stoflike resten Lancaster

Foar de bergers wie it in ferrassing dat se al sa gau de stoflike resten tsjinkaam binne, want it fleantúch leit op 'e kop en de romtes dêr't de bemanning gewoanwei sit, binne net maklik te berikken.
Wethâlder Petra van den Akker fan de gemeente Súdwest-Fryslân fynt it hiel bysûnder dat der sa betiid yn it bergingsproses al stoflike resten fûn binne yn de Lancaster.
"It is echt hiel moai nijs", seit se. "Dit is presys wêrom't wy sein ha dat hjir in berging plakfine moat. Sa kinne dy jonge jonges fan yn de tweintich harren lêste rêstplak fine."
Identiteit noch net bekend
Fan de stoflike resten kin noch net sein wurde om wa't it krekt giet en om hoefolle fan de fermiste fleaners. De identiteit moat noch ûndersocht wurde.
Takom wike komme neibesteanden nei it bergingsplak foar in seremoanje. "De minsken dy't hjir komme, misse dizze jonges al tachtich jier", seit Van den Akker. "We hoopje dat se op dy manier dit in plak jaan kinne."
De berging fan de Lancaster giet de kommende fiif wiken noch troch.
