FIDEO: De waargoaden ha it goed foar mei it swimbad yn Nij Beets

It swimbad yn Nij Beets is wakker wiis mei de simmerske wike
It begjin fan de simmer foel bot ôf, mar de ein fan it seizoen is fanwege sukses ferlinge. Fanwegen it waarme sinneskynwaar hâldt swimbad De Blauwe Kamp yn Nij Beets de doarren langer iepen.
Eins soe it iepenloftswimbad ôfrûne snein al slute, mar it hjitte waar soarget foar noch in wike topdrokte. Woansdei kamen der middeis sa'n 170 minsken nei it swimbad.
It bestjoer is dêr tige wiis mei: sy geane de simmer út mei in klapper. De iisko's dy't yn de wiken fol mei rein net ferkocht waarden, koene dochs de friezer noch út.