Protestbuorden, flyers en petysjes yn oanrin nei ynrinjûn oer mooglik azc by Rottum

© Omrop Fryslân
De komst fan in mooglik azc by Hearrenfean-West soarget al sûnt de simmer foar opskuor by omwenners fan It Hearrenfean, Rottum en Aldehaske. Der is in petysje opset, der binne protestbuorden lâns de kant fan de diken pleatst en flyers útdield rûn it gebiet.
Omwenners fine dat se net óf te let op de hichte brocht binne fan de nije plannen fan de gemeente De Fryske Marren en Hearrenfean foar in mooglik permanint azc yn it bûtengebiet. Tongersdeitejûn is der in ynrinsesje yn iisstadion Thialf foar omwenners.
Yn petear mei Omrop Fryslân jouwe omwenners oan dat der in soad ûndúdlikheid is oer de oantallen asylsikers dy't op de lokaasje mooglik opfongen wurde. Neffens harren binne der ferskate oantallen neamd yn ynformaasjebyienkomsten en yn de kommunikaasje fan de gemeenten nei de ynwenners ta. Dêrtroch bekrûpt de omwenners it gefoel dat it wolris in grut azc wurde kin, mei mear as 450 bewenners. Dat fine se te grut.
Boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren hat op social media ferhalen sjoen dat der in plak komme soe foar 900 minsken en dat it 'in twadde Ter Apel' wurdt, mar dat sprekt er tsjin. "Dat is net sa. Ik ha it besocht út de wrâld te helpen, troch oan te jaan wat der wol yn it foarstel stiet dat der op dit stuit leit." Dat is dat it giet om in plak foar maksimaal 600 minsken.
Fred Veenstra, boargemaster fan De Fryske Marren © Omrop Fryslân
Deselde omwenners jouwe oan dat se net tsjin in azc binne, mar graach in lytsskalige opfang fan asylsikers sjogge. Neffens harren wurde grutte oantallen in te swiere belêsting foar de leefberens yn de omjouwing as it giet om feiligens, sosjale foarsjenningen en de berikberens.

Hearrenfean-West

De gemeenten De Fryske Marren en Hearrenfean organisearje de ynrinbyienkomst yn Thialf om omwenners nei harren reaksje en advys te freegjen en se meitinke te litten oer de lokaasje Hearrenfean-West. Neffens De Fryske Marren is der yn dit proses net keazen foar in draachflakûndersyk, mar is de ynrinbyienkomst "een andere vorm van participatie".
Dat stik grûngebiet heart by de gemeente De Fryske Marren en leit oan de oerkant fan de Engelenfeart, tusken de wyk de Greiden en it doarp Rottum.It Centraal Orgaan opvang asielzoekers hat beide gemeenten frege om nei te tinken oer in opfangplak foar sawat 450 asylsikers per gemeente. Nei in lokaasjeûndersyk fan de gemeente De Fryske Marren die bliken dat Hearrenfean-West it meast geskikt is.
It lokaasjeûndersyk is op dit stuit net iepenbier, wêrtroch't ûndúdlik is hokker oare lokaasjes ûndersocht en ôffallen binne. De gemeente Hearrenfean hat trije mooglik geskikte lokaasjes fûn; Noardeast, Noardplot en it Fean Plantsoen. Op fersyk fan de gemeente De Fryske Marren kaam dêr de lokaasje Hearrenfean-West by, sa skriuwt de gemeente Hearrenfean yn in brief op 17 july oan har ynwenners. De beide gemeenten sizze no mei elkoar dizze lokaasje fierder te ûndersykjen.
© Omrop Fryslan
In protte ynwenners yn de omjouwing binne feriene yn de Stichting Leefbaarheid Rottum, Oudehaske, De Greiden, De Heide e.o. De stichting seit de stim fan de mienskip te fertsjintwurdigjen en dat nei de bûtenwrâld te kommunisearjen fia social media, in petysje en protestbuorden. De stichting wol by Omrop Fryslân noch net ynhâldlik reagearje op de situaasje.
Yn totaal steane der fjirtjin grutte blauwe buorden, wêrop't ûnder oare de tekst 'Nee tegen Mega-AZC' stiet en wêrop't oproppen wurdt om de petysje te tekenjen. Ynwenners ha flyers mei deselde teksten yn de omjouwing ferspraat.
De protestbuorden binne troch de stichting makke. Dêrneist ha omwenners sels houten buorden makke mei teksten as 'NEE AZC' en by harren yn de tunen pleatst.
Nei alle gedachten wurde der tongersdei foarôfgeand oan de ynformaasjebyienkomst yn Thialf noch sa'n fiif profesjonele en tsien houten buorden yn de omjouwing fan it iisstadion delset.
Het is niet toegestaan om deze borden te plaatsen zonder vergunning.
Gemeente De Fryske Marren yn in skriftlike ferklearring
De gemeente De Fryske Marren reagearret skriftlik op de buorden: "De gemeente begrijpt dat de mogelijke komst van een azc emoties kan oproepen in de directe omgeving. De gemeente is op de hoogte van de aanwezigheid van de borden. Het is niet toegestaan om deze borden te plaatsen zonder vergunning, ook niet op eigen grond. We denken nog na over hoe we hierin gaan handelen."

Statement meitsje

De stichting hat minsken oproppen om tongersdei om 19.00 oere te sammeljen by Thialf om dêr in statement te meitsjen. De ynwenners freegje har ôf hoe't de feedback fan de minsken op de ynrinjûn troch de gemeenten fêstlein wurdt. Om't net alle ynwenners dat fertrouwe, stiet de stichting mei in stimbus by Thialf om sa sels de mieningen fan de besikers te fangen. De stimmen wurde troch de stichting oanbean oan de gemeenten.
De lokaasje foar in mooglik azc by Hearrenfean-West moat noch yn de gemeenterieden bepraat wurde. De ried fan De Fryske Marren nimt op 18 oktober in definityf beslút oer it azc, dy fan Hearrenfean in dei letter.