Hjitte libbensgefaarlik foar hûnen: "Net útlitte op it strân"

De hûn dy't tiisdei rêden is op it strân fan It Amelân © Reddingsteam Zeedieren (RTZ) & Dierenambulance Ameland
Nim de hûn net mei nei it strân. Dat is ûnferantwurde. Dat is de warskôging fan de biste-ambulânse op It Amelân.
It is fierstente hjit foar hûnen op it waarme sân. De lichemstemperatuer fan hûnen rint neffens de biste-ambulânse gau op. Dêrtroch ûntstiet dik bloed, dat skea feroarsaket oan de harsens en organen.
"Honden kunnen snel oververhit raken, omdat ze de warmte slecht kwijtraken", fertelt Sophie Provily fan de bistedokterpraktyk yn Dokkum. "Warmte kwijtraken doen honden door middel van hijgen, maar honden met kortere snuiten hebben daar vaak moeite mee. Die hebben het dus sneller benauwd."

Hûn moat rêstich bliuwe

Ek gruttere hûnen, te swiere hûnen en hûnen mei in swarte facht krije earder lêst fan de waarmte. Boppedat binne de bisten nochal aktyf. "Dan gaan ze al hijgen en dan lukt het nog minder goed om de warmte kwijt te raken. Dus probeer je hond rustig te houden."
Sophie Provily © Omrop Fryslân
Tiisdei krige de biste-ambulânse fan It Amelân noch in melding fan in te hite hûn. It bist hie in blauwe tong en in temperatuer fan 42 graden. "De hond was in doodsstrijd", fertelt frijwilliger Tiny Kolk. "Na anderhalf uur koelen werd ze langzaam wat rustiger en werden de slijmvliezen en tong weer een klein beetje roze van kleur."
Op it stuit giet it nei omstannichheden wer goed mei de hûn, mar it moast neffens Kolk fier wei komme.
De temperatueren op it Waad binne ekstreem heech, seit waarfrou Tjitske Wiebenga. "Juster wie it op Skylge en Flylân, dêr't offisjele mjitstasjons steane, sa'n 27 graden. En op in boareilân tusken Skiermûntseach en It Amelân sels 28,9. Dat is hiel bysûnder."
Een actieve hond kan het bij 22 graden al lastig krijgen.
Bistedokter Sophie Provily
Dat it sa hjit is, komt ûnder oare trochdat de wyn út it súdeasten wei komt. "Der is dus gjin wyn fan see. Mar sels dan: de Waadsee hat no in temperatuer fan 21 graden, dus in hiel soad koelte soe dat ek net opsmite."
In maksimumtemperatuer foar hûnen fynt Provily lestich om oan te jaan. "Dat is afhankelijk van het type dier. Een actieve hond kan het bij 22 graden al lastig krijgen. En zeker op het strand zou je dan schaduw willen opzoeken, maar dat lukt daar niet. Dus daar moet je hem dan niet uitlaten."
Yn augustus moast de biste-ambulânse fan It Amelân it libben fan in te hite New Foundflander rêde. Dy wie pas nei fjouwer oeren kuoljen wer stabyl, mar de hûn koe twa dagen lang net mear rinne.
Dizze hûn hie yn augustus in temperatuer fan 41,7 graden en koe twa dagen net rinne © Reddingsteam Zeedieren (RTZ) & Dierenambulance Ameland
"Mensen hebben vaak schoenen of slippers aan op het hete zand", seit Provily. "Maar als je daar met blote voeten loopt, dan brandt het heel erg. Voor honden geldt hetzelfde. Dan kun je ze beter babysokjes laten dragen. Of nog beter: het strand mijden."

Seewetter ek gefaarlik

In ekstra risiko fan mei de hûn op it strân is neffens de bistedokter it wetter. Hûnen wolle graach drinke mei hege temperatueren, mar seewetter is net goed. "Dan krijgen ze binnen een paar uur diarree en braakklachten. Daardoor raken ze juist uitgedroogd. Je moet de honden dus zoveel mogelijk normaal drinkwater aanbieden."
De kommende dagen bliuwt it waarm, is de ferwachting. Mooglik soarget de wyn fan see de kommende dagen foar in krekt wat frissere temperatuer, "mar dat giet heechút om in pear graden", seit Wiebenga. "Snein is it wer hjit."