Ymkje Clevering pleatst har foar WK-finale en hellet ticket foar Spelen binnen

Ymkje Clevering en Veronique Meester fan 'e moarn © ANP
Ymkje Clevering hat har mei Veronique Meester pleatst foar de finale fan it WK roeien yn de twa-sûnder-stjoerfrou. Se notearren de twadde tiid yn de heale finale.
Allinnich Australië wie fan 'e moarn rapper: it ferskil wie in lytse sekonde. Clevering (fan Haulerwyk) en Meester dienen der 7.33,17 oer, Australië 7.32,30. Dat lêste lân is dizze wike ek topfavoryt yn Belgrado: fan it simmer roeiden se noch in wrâldrekôr.
Nederlân komt yn de finale ek wer Roemenië tsjin. Dy wienen yn maaie noch te sterk foar Nederlân op it Europeesk kampioenskip.

Nei de Spelen ta?

Troch de finale te heljen, is de twa-sûnder-stjoerfrou ek wis fan dielname oan de Olympyske Spelen fan takom jier. Oft Clevering en Meester dan ek yn de boat sitte, is net wis: dat bepaalt de bûnscoach noch.
De finale fan Clevering en Meester is takom sneon. In dei letter roeit Jan van der Bij fan Aldegea mei de manljusacht ek om de medaljes.

De Friezen op it WK

  • Sneon 13.34 oere: twa-sûnder-stjoerfrou mei Ymkje Clevering (finale)
  • Snein 14.59 oere: manljusacht mei Jan van der Bij (finale)