Lytse campings langje nei dúdlikens provinsje: se wolle minder regels

Oan de ein fan it seizoen rint it fjild fan minycamping De Wetterspetter stadichoan leech © Omrop Fryslân
Jou lytse rekreaasjeûndernimmers de romte om te groeien. Dy oprop komt út de brânsj no't Provinsjale Steaten op 'e nij prate oer de regels.
Under dy nije regels wurdt it dreech foar minycampings (faak oant sa'n 25 plakken) om út te wreidzjen. Oan de oare kant leit de saneamde 'Roompottisearring' op de loer: dat in gebiet folboud wurdt mei lúkse rekreaasjewenten.
Krekt dêr binne se yn de Steaten benaud foar. Yn de nije omjouwingsferoardering is dêr romte foar en dêr ha guon politike partijen noed oer.
Der soe woansdeitejûn oer praat wurde, mar dy gearkomste gie net troch. Troch in fersin binne net alle belanghawwers útnûge.
It is in wrakseling: yn hoefier moatte lytse campings útwreidzje kinne?
Mar ek by de eigeners fan minycampings is noed. Sy sjogge yn deselde feroardering stean dat it mei 35 plakken wol klear is. Dat stiet ynvestearringen yn 'e wei, just op in momint dat krekt dizze ûndernimmers sjogge en fernimme dat it ferlet fan kampearplakken op in lytse camping tanimt.

Folle goedkeaper

De wichtichste reden dêrfoar: it is in stik goedkeaper as in fakânsjepark of in grutte camping mei in soad foarsjennings.
"By my kostet in nacht noch lang gjin 30 euro foar twa persoanen", seit Reitse Woudstra fan minycamping De Pressefinne yn Ealahuzen. "Sykje mar ris om datsoarte fan prizen by in grutte camping of in rekreaasjepark."
Mei it moaie waar op de camping © Omrop Fryslân
Yn de buorskip Yndyk oan de Hegemer Mar leit minycamping De Wetterspetter. It seizoen mei dan foarby wêze, mar it moaie waar soarget dochs foar gasten. De minycamping is fan de famylje Aukes.
Heit en mem hawwe him opset, mar har beide soannen Sven en Youri stean te popeljen it spul oer te nimmen. "It moat allinnich wol út kinne", seit Sven.

Utwreidzje

Wolle hy en syn broer der wat oan oerhâlde, dan moatte se útwreidzje. Dan kin de pleats ferboud wurde ta apparteminten en kinne se miskien nochris in trekkershut pleatse.
Sven Aukes fan minycamping De Wetterspetter © Omrop Fryslân
Mar troch it nije belied driget dat ûnmooglik te worden. Dan bliuwt it tal plakken beheind en is der foar beide jonges gjin drûch brea mei te fertsjinjen.

Steanplakken

Domien Flapper fan camping Poelzicht is dêr ek benaud foar. Se ha no 40 steanplakken, mar moatte werom nei 25 as de nije regels stean bliuwe.
"Dan ha wy gjin takomst mear", seit Flapper. Hy fynt it soer dat se mooglik werom moatte nei 25 steanplakken. "Wy begripe hiel goed dat je net oeral samar wat bouwe moatte oan rekreaasjewenten. Hâld nije bedriuwen tsjin it ljocht, mar jou besteande bedriuwen de romte."
PvdA-Steatelid Christa Oosterbaan fynt dat guon regelingen no losse eintsje ha: se is benaud foar 'Roompottisearring' © Omrop Fryslân
It is net de lytsskalige rekreaasje dêr't PvdA-Steatelid Christa Oosterbaan de rem op lizze wol. Sy is benaud dat ûndernimmers oan 'e haal gean mei oare ûnderdielen út de omjouwingsferoardering.
"Waar we moeite mee hebben is dat er zo ongeveer staat dat er onbeperkt recreatiewoningen gebouwd kunnen worden. Als dat gebeurt, is er geen ruimte meer voor gewone woningen."
Dat is gjin oplossing foar de wenningkrapte yn de provinsje, seit Oosterbaan. Boppedat, sa seit it Steatelid, binne der ôfspraken makke tusken provinsje en Ryk oer de wenningbou.

Twadde tak

"Ik vind het juist goed dat boeren er zo een tweede tak op nahouden. Zeker met alles wat er nu gaande is op het gebied van stikstof", seit Oosterbaan.
Dat it no liket dat de provinsje dat opkeare wol, fynt se spitich. "We gaan juist nu graag het gesprek aan. We moeten goed kijken naar wat welke besluiten goed zijn voor het landschap en welke niet."
Dat fynt ek har BBB-kollega Robert Lenes. Hy wol graach it petear oangean mei de ûndernimmers. "We moatte goed sjen wat je dwaan wolle. Just ek foar de toerist dy't lytsskalige foarsjennings siket."
De minycamping yn Ealahuzen © Omrop Fryslân
Sven Aukes hopet dat de Fryske polityk de dream fan him en syn broer net klappe lit. "We wolle hiel graach it karakteristike fan de minycamping behâlde. Dat is ús krêft. Mar troch de regels wurde wy wol beheind. En dat op in momint dat wy in flinke groei sjogge. It ferlet fan dit soarte campings is gewoan hiel grut."
Wannear't it no op de politike aginda komt, is noch net dúdlik. Dat wurdt nei alle gedachten net earder as oktober.