Aukje de Vries mei fan VVD opnij de Keamer yn: plak acht op kandidatelist

Aukje de Vries © ANP
Aukje de Vries út Ljouwert is de heechste Fryske kandidaat op de list fan de VVD by de Keamerferkiezingen yn novimber. De steatssekretaris fan Taslaggen stiet op plak acht.
As De Vries de Keamer yn keazen wurdt, is se ien fan de parlemintariërs mei de measte ûnderfining. Yn 2012 kaam se foar it earst yn de Twadde Keamer. Dêr bleau se yn oant 2022, doe't se beneamd waard as steatssekretaris foar Taslaggen en Dûane yn it kabinet Rutte-IV.
Yn har rol as steatssekretaris is De Vries ek ferantwurdlik foar de ôfhanneling fan de taslagge-affêre. Dy operaasje ferrint noch hieltyd tige dreech. Se seit dêroer dat se tsjin útfieringskwestjes, personielskrapte en 'technyske issues' oanrint.
De VVD-list wurdt oanfierd troch Dilan Yesilgöz.

Oare Fryske kandidaten

Ferskate oare partijen ha har list ek al bekendmakke, of alteast in part fan de list. Sa is Jouke Spoelstra de heechste Fries op de CDA-list (plak alve), Jan van der Veen by de SP (op 36), Maarten Goudzwaard by JA21 (op seis), Sieta van Keimpema by BVNL (op trije) en Mariska Rikkers by BBB (op tsien).