Sven van Beek makket comeback fol fertrouwen: "Ik hoorde bij de beste drie op mijn positie"

Sven van Beek hat nei njoggen moannen syn rentree makke yn it earste alvetal fan sc Hearrenfean. Syn âlden binne dêr wakker grutsk op, mar it meast bliid is Van Beek dochs sels.
Van Beek skuorde yn jannewaris de haksine ôf. Hy is no 29 jier. Yn syn fuotbaljende libben stie er yn totaal al fiif jier mei blessueren oan de kant. It siet de ferdigener wat dat oanbelanget net mei.
Sven van Beek makke nei njoggen moannen syn rentree by sc Hearrenfean
Yn earste ynstânsje siet er yn jannewaris dan ek flink djip. "Als je weet dat het weer een lange blessure is, is je eerste reactie: ik laat het hierbij. Maar dat is misschien 24 uur zo. Uiteindelijk is dit het mooiste beroep dat er is. Ik hoop dan ook zo snel mogelijk weer in het stadion te staan."
Der fuort 'ynbatse'
Hearrenfean spile woansdei yn de hjitte in oefenwedstriid tsjin FC Grins. De Grinzers wûnen mei 1-0 troch in goal trije minuten foar tiid, mar doe stie Van Beek al lang net mear op it fjild. Hy spile allinnich de earste 45 minuten.
Van Beek is in ferdigener dy't der faak ek wol 'ynbatse' mei. Hy mijt it duel net. Nei twa minuten gie er dan ek al in pittich duel oan.

Ek de heit en mem fan Van Beek seagen lâns de line fan Sportpark Corpus Den Hoorn dat harren soan der fuort ynknalde. Yvonne van Beek: "Ik schrok wel, ja. Ik dacht: oooeeeh."
René van Beek, sels trainer by twaddeklasser SV Donk út Gouda: "Hij zei al: geen zorgen pa, het was honderd procent op de bal."

René en Yvonne van Beek reizgje eins altyd mei as harren soan spylje moat. Se seagen dat de swiere blessuere net maklik wie foar harren soan. "Hij heeft het wel zwaar gehad. Het was de zoveelste blessure", seit mem Van Beek.
Daar heb ik bewondering voor.
Sy wie derfan op de hichte dat er doe ek even twivele om troch te gean. "Hij heeft een momentje gehad waarop hij dacht: alweer... Maar hij heeft zich altijd weer teruggeknokt."
Heit knikt. Hy ried syn soan faak nei de sportskoalle ta om te refalidearjen. "Hij traint zo hard om terug te komen, daar heb ik bewondering voor."
Dêrom ûndernimme de twa ek graach de reis om fol grutskens harren soan wer op it fjild te sjen. "Toch weer 225 kilometer. Maar als je dan je zoon weer ziet spelen, dan ben je apetrots."

Van Beek seach yn de ôfrûne moannen dat er in soad stipe hie oan syn âlden. "Ze waren daarin heel belangrijk. Ze praten met je en daar kun je altijd op terugvallen."
Mar dat net allinnich. Hy hie ek oare ôflieding. Sa begûn er as makelder en besiket er huzen te ferkeapjen yn Spanje. "Ik heb me kunnen focussen op andere dingen. Ik heb een zoontje gekregen en die heb ik daardoor veel kunnen zien. Maar het is toch wel het fijnst om weer op het veld te staan."

Van Beek sjocht mei in posityf gefoel werom op syn rentree. "Deze 45 minuten zijn een bekroning op al die weken revalideren. Trainen is leuk, maar het is fijn om weer minuten te maken. Pijnvrij."
Hearrenfean spilet pas op 16 septimber wer syn earste wedstriid, omdat it Nederlânsk alvetal no twa kear spylje moat. De earstfolgjende wedstriid is tsjin Van Beek syn âld-wurkjouwer Feyenoord yn De Kuip. Dat liket noch te betiid, mar de ferdigener is happich om gau wer minuten te meitsjen yn de earedivyzje.
"We hebben nog een oefenwedstrijd gepland staan. Dan probeer ik nog wat meer minuten te maken. Ik ben klaar om die volgende stap weer te maken."
Betrouwen is grut
Van Beek tinkt dan ek dat er gau wer wat taheakje kin oan dit Hearrenfean. "Ik ben ervan overtuigd dat ik mijn steentje weer kan bijdragen."

Foardat Van Beek blessearre rekke, wie er oanfierder by Hearrenfean. Syn wearde waarde ek dúdlik doe't er op it fjild ûntbruts. Dochs wurdt er wolris ûnderskat, is syn gefoel.
"Vóór deze blessure hoorde ik bij de beste drie van Nederland op mijn positie, vind ik. Dat kan ik gewoon zeggen. Ik denk dat ik een heel hoog niveau aantikte en misschien wel klaar was voor een volgende stap. Het gaat mij wel lukken terug te komen."