Jouster jachtbouwer wint ynnovaasjepriis mei boat fan hast in heal miljoen

De WOODLER 28, sa hjit er. It sneljacht fan Jachtwerf De Jong fan De Jouwer hat de 'sloepen en tenders van het jaar'-ynnovaasjepriis op de Hiswa wûn. De Hiswa is de grutste yn-wetter boatshow fan Noard-Europa. De sân sjueryleden wiene unanym.
De ynnovaasje sit him yn it materiaal dat brûkt is. It jacht hat in mahoanjehouten romp, mar it stik dat yn it wetter leit is makke fan aluminium. Dat soarget derfoar dat der net in soad ûnderhâld oan te pas komt.
Op in gegeven momint tinkst: wat is de takomst en wêr wolle wy hinne as bedriuw?
It idee fan it jacht ûntstie op de beurs Boot Holland yn 2018, fertelt hellingbaas Aaldert de Jong: "Op in gegeven momint tinkst: wat is de takomst en wêr wolle wy hinne as bedriuw? Dan pakst pinne en papier en begjinst mei dingen op te skriuwen."
Grutsk
Omdat it in nij idee is, hawwe de jachtbouwers oardel jier lang kontinu mei it showmodel dwaande west. Mar dat wie it neffens De Jong wurdich: "It folsleine team is grutsk. It is sa moai dat je fan in idee geane nei wat dat yn it wetter leit."

De WOODLER 28 kostet 450.000 euro foar it startmodel. Dat is net foar eltsenien weilein, mar de leafhawwer hat it der wol foar oer, tinkt De Jong.
Dy minsken wolle graach betelje foar in produkt dat spesjaal foar har makke is en wat ûnderskiedend is fan al it oare: "De boat is hielendal mei de hân makke. Der sitte in bulte oeren yn en in bulte leafde. Leafhawwers dy't it jild hawwe, dy wolle dat."