Liveblog | 7 septimber 2023

112-nijs 7 septimber: Fytster en auto botse by Marsum | Brân by bedriuw yn Easterwâlde

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 7 septimber 2023, 22:40
22:40

Fytster ferwûne troch botsing mei auto by Marsum

© AS Media
Op de Hegedyk yn Marsum wie om 21.45 oere hinne in ûngelok tusken in fytster en in auto. De fytster rekke ferwûne en is oerbrocht nei it sikehûs.
De auto rûn flinke skea op en waard meinommen troch in bergingsbedriuw. Hoe't it ûngelok gebeure koe, wurdt ûndersocht.
19:46

Brânwacht hat brân by bedriuw yn Easterwâlde gau út

© SRFotografie
De brânwachtkorpsen fan Easterwâlde en Appelskea binne oproppen foar in brân by it bedriuw Tyson Foods oan de Houtwal yn Easterwâlde. Ek in heechwurker út Assen waard ynskeakele.
De brân siet yn in motor fan in wettersuveringsynstallaasje oan de bûtenkant fan it bedriuw. De brânwacht hie de brân gau ûnder kontrôle.
De liedingen dy't troch it fabryk rinne binne neisjoen en mei de heechwurker is it dak noch kontrolearre, mar it fjoer hie him net fierder ferspraat.
16:30

Auto yn 'e brân op de N383 by Marsum

© Kappers Media
In ridende auto is yn 'e brân flein op de Westergoawei (N383) by Marsum. De auto waard oan de kant set en doe't de brânwacht oankaam, stie er hast folslein yn 'e brân.
De brânwacht hat it fjoer útmakke. De plysje hat de dyk yn beide rjochtingen ôfsletten foar it ferkear. It is net bekend hoelang't dat duorje sil.
11:36

Problemen mei brêge Follegea

06:07

Brân yn Surhústerfean

© SRFotografie
In brân yn in garaazje yn Surhústerfean is fannacht oerslein nei it wenhûs. De brânwacht krige de melding krekt nei middernacht, doe stie allinnich de garaazje oan de Langelaan yn 'e brân.
Al frij gau wie dúdlik dat der gjin minsken mear yn de gebouwen wienen. De brân sloech even letter wol oer nei it wenhûs.
Nei goed 20 minuten wie de brân út. Hoe't dy ûntstean koe, is net dúdlik.