Steatelid Jonker út ChristenUnie-fraksje set nei klacht yn de priveesfear

Margreet Jonker © Gemeente Dantumadiel
Steatelid Margreet Jonker fan de ChristenUnie is troch har partij út de fraksje set. Sy waard earder al skorst nei in klacht, mar mei no hielendal net mear út namme fan de ChristenUnie hannelje.
De reden foar it beëinigjen fan it lidmaatskip is neffens de ChristenUnie de útkomst fan in klachteproseduere. Dizze klacht tsjin Jonker wie yntsjinne by it bestjoer fan de Provinsjale Uny, it gearwurkingsferbân fan alle ChristenUnies yn de provinsje.
It giet neffens de fraksje om in klacht 'yn de priveesfear.' Om dy soarchfâldich te behanneljen, is der in july al keazen foar in tydlike skoarsing.
De Provinsjale Uny hat it ûndersyk koartlyn ôfrûne, mei it advys om Jonker har fraksjelidmaatskip te beëinigjen. Dat advys nimt de fraksje oer.
"Voor de ChristenUnie is van belang dat de geloofwaardigheid van volksvertegenwoordigers boven alle twijfel verheven is", sa skriuwt de ChristenUnie yn in ferklearring.
De fraksje brocht it nijs sels op de webside © ChristenUnie Fryslân
Fraksjefoarsitter Jantsje van der Veen befêstiget dat it om it oernimmen fan it advys giet. "It is in beslút dat ús allegearre swier falt", seit sy. Fierder wol de fraksje der net folle oer kwyt.

"Saak mei allinne mar ferliezers"

Neffens Margreet Jonker sels giet it om in priveesaak, dy't neat mei de ChristenUnie fan dwaan hat.
"Details kan ik niet vertellen, want ik wil geen andere mensen beschadigen. Dit is een uitermate verdrietige zaak, met alleen maar verliezers. Ik had graag gewild dat het anders was gegaan."

Net te sprekken oer de gong fan saken

It Steatelid út Westergeast is fernuvere dat de klacht ta dit beslút laat hat. Jonker is net te sprekken oer de wize wêrop't de saak ôfrûne is.
"Ik heb geen inzage gekregen in het rapport, ik heb alleen de beslissing gehoord. Maandagavond 19.00 uur hoorde ik dat ze de fractie zouden vragen mij te ontzetten. Ik had nog geen 24 uur om daarop te reageren."
Fraksjefoarsitter Van der Veen seit hjiroer dat it gjin ynsjen jaan yn it ûndersyk net in beslút wie fan de fraksje, mar dat it ûnderdiel wie fan it ûndersyk en dat it oan it CU-bestjoer wie om dêr in beslút oer te nimmen.
Jonker wie net fan doel om út de fraksje te stappen, mar fielt har no dochs twongen de fraksje te ferlitten. "Gisteravond werd mij nog gevraagd: wil je het besluit heroverwegen en zelf opstappen? Ik heb geen argumenten gehoord waarom ik zelf op zou moeten stappen."
Ze hebben negen weken over een klachtenbehandeling gedaan. Dat heeft mij schade toegebracht.
Margreet Jonker
It Steatelid fielt har yn de steek litten troch de partij: "Ze hebben negen weken over een klachtenbehandeling gedaan. Dat heeft mij schade toegebracht. Ik heb dan ook besloten de ChristenUnie per direct te verlaten."
Jonker oerwaget noch wol oft se yn berop giet. Oft sy noch Steatelid bliuwe wol, wit Jonker ek noch net.

Skorsing

Jonker hearde ôfrûne maitiid noch by it ûnderhannelingsteam fan de ChristenUnie yn de petearen oer de nije koälysje yn de Provinsje Fryslân. By de ynstallaasje fan it kolleezje wie Jonker al net net oanwêzich, fanwegen 'bysûndere omstannichheden.'
It Provinsjehûs fan Fryslân yn Ljouwert © Omrop Fryslân
Dêrnei kaam it berjocht fan de skorsing: Jonker waard yn july foar in perioade fan maksimaal 16 wiken op non-aktyf steld. De partijfoarsitter woe dêr doe gjin taljochting op jaan.

Jonker bliuwt riedsgriffier

Margreet Jonker wurket sûnt septimber 2022 by de gemeente Dantumadiel as riedsgriffier. Dat wurk bliuwt sy dwaan, seit Jonker. De situaasje sit neffens Jonker dit wurk net yn de wei.
Sy wie earder wethâlder fan de gemeente Achtkarspelen en riedslid yn de eardere gemeente Kollumerlân. Tegearre mei har partner is Jonker eigener fan B&B 't Skoalhûs yn Westergeast.