Momint fan de wierheid foar de Witte Swaen: "Het is verdraaid spannend"

De rekonstruksje fan de Witte Swaen yn Harns © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De Witte Swaen fart út. De replika fan it skip fan Willem Barentsz giet sneon fan Skylge ôf foar it earst de Noardsee op. It is in wichtige test: it moat dúdlik meitsje hoe't it skip ûnder seil farre kin.
It giet om de replika dy't boud is nei foarbyld fan it ferneamde skip dêr't Willem Barentsz yn 1596 mei útfear om in trochgong nei Azië te finen, mar dat fêstrûn by Nova Zembla.
Dat op 'e nij bouwen is mei inisjearre troch Gerald de Weerdt. Hy wie foarhinne konservator en wie ek belutsen wie by de bou fan de Batavia yn Lelystêd.
It wurde spannende dagen foar Gerald de Weerdt © Omrop Fryslân
De Weerdt hat in soad wittenskiplik ûndersyk dien om de Hollânske boumetoaden fan de 16e iuw sa goed as mooglik te folgjen. It idee om it skip sa autentyk mooglik nei te bouwen ûntstie yn 2009. Dat waard dien yn Harns.
Yn 2018 folge de tewetterlitting en yn 2021 fear it skip foar it earst de Harnzer haven út foar in testfeart op it Waad. Mar troch de coronakrisis kaam it projekt in hiel skoft stil te lizzen.

It Waad oer op de motor

No nimme de inisjatyfnimmers dus echt de proef op 'e som: op nei de Noardsee. De Witte Swaen begjint tongersdei al oan de oerstek fan de Waadsee nei Skylge. Dat wurdt noch op de motor dien.
"Je moet door allerlei slenken heen en met het drukke scheepvaartverkeer gaan we daar niet moeilijk doen met zeilen", sa leit De Weerdt út. "Daarom wachten we tot zaterdag. Dan gaan we de Noordzee op. Daar hebben we de ruimte en kunnen we heerlijk experimenteren. We gaan het schip tot op de bodem uitproberen."
De wite swan efter op it skip © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De Witte Swaen hat noch in soad riedsels foar de bemanning. Dat hat ek te krijen mei hoe't de seilen fan dit âlde type skip fêstmakke binne. It giet hjir om in saneamd dwers optúgd skip.
"De uitdaging zit hem erin hoe hoog je aan de wind kunt zeilen met zo'n schip uit de zestiende eeuw. Dat weten niet veel mensen op deze wereld meer", sa fertelt De Weerdt.
Oan board fan it skip © Omrop Fryslân
It is in technysk ferhaal: "Bij zo'n dwarsgetuigd schip, met masten met ra's die dwars op de scheepslengte staan, kun je het beste met wind van achteren zeilen. Maar je moet soms ook wat tegen de wind in loeven. Daar zijn die dwarsgetuigde schepen niet vreselijk geschikt voor. Dan kun je beter een skûtsje hebben met langzeilen. Die kunnen heerlijk hoog aan de wind."

Underfining út it ferline

Dochs moat it type fan de Witte Swaen syn goede eigenskippen hawwe. "Alleen er is weinig ervaring mee, want deze schepen zijn er bijna niet meer. Nu hebben we een zuiver gebouwd schip met de juiste tuigage. We gaan ontdekken wat die schepen waard waren in die tijd. Het is verdraaid spannend. Doet-ie het wel of doet-ie het niet?"
In 16e-iuwsk skip neibouwe, dat freget hiel wat ûndersyk © Omrop Fryslân
Foar de wyn rint er wol, skat De Weerdt yn. "Want we hebben al even een proefvaartje gemaakt met de motor. Toen bleek dat-ie prima liep, keurig op snelheid kwam." Mar no, op de Noardsee, wurdt it serieus.

Alle seilen bysette

It waar sil yn elts gefal geunstich wêze. "Misschien zelfs wat té gunstig. Want we hebben wel een beetje wind nodig. Maar we gaan niet zeuren. Dan zetten we alle zeilen bij om vaart te maken."
Op iepen see sile kin ek wol meihelpe. "In het binnenland is het rustig, maar eenmaal op zee trekt de wind vaak wel aan. Dus we hebben goede hoop dat het lukt. We kunnen gemakkelijk windkracht 4-5 hebben."
De Witte Swaen yn Harns © Omrop Fryslân, Sian Wierda
It orizjinele skip is út de losse pols boud, fertelt De Weerdt. "Als je er nu naar kijkt, lijkt het een heel primitieve methode. Maar voor die tijd was het de ideale formule. Het heeft Nederland enorme rijkdom gebracht. We hebben in enkele decennia de grootste commerciële vloot van de Westerse wereld opgebouwd."
Foar De Weerdt wie it bouwen fan it skip al in rykdom, mar de hoop is dat de proeffeart dat fansels ek wurdt. "We pakken de draad op. We zijn weer op stoom."