PvdD, GL en SP misse urginsje by provinsje om wetterkwaliteit te ferbetterjen

Menno Brouwer (Partij voor de Dieren) © Hoge Noorden / Jacob van Essen
De Steatefraksjes fan de Partij voor de Dieren, GrienLinks en SP binne teloarsteld yn it provinsjebestjoer: neffens de fraksjes dogge de deputearren te min oan it ferbetterjen fan de wetterkwaliteit.
De fraksjes stelle in tal fragen en wize derop dat út ûndersyk blykt dat it Fryske wetter noch hieltyd slim fersmoarge is. En dat wylst it yn 2027 foldwaan moat oan de easken fan de 'Kaderrichtlijn Water.' As de provinsje sa trochset, hellet it dy deadline net.

Deadline net frijbliuwend

Dy deadline is lykwols net frijbliuwend, sa skriuwe de fraksjes. Ein augustus hat de miljeu-organisaasje Mobilisation for the Environment oanjûn nei de rjochter te stappen as de provinsje Fryslân net hanthavenet by it neilibjen fan de KDW.
Fierder kin de Europeeske Kommisje flinke boeten of twangsommen oplizze oan lannen. Mar ek provinsjes krije in hieltyd gruttere ferantwurdlikens. Sy binne mei ferantwurdlik foar it heljen fan de doelen en it foarkommen fan it efterútbuorkjen fan de wetterkwaliteit.

Bestjoersakkoart

De partijen sjogge in 'gebrek aan urgentie' by Deputearre Steaten. Yn it bestjoersakkoart 2023-2027 wurdt de Kaderrichtlijn Water mar ien kear neamd, 'en dan alleen als voorbeeld.'
It punt dêr’t de Frijgerssleat oergiet yn de Gudzekop © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De regels foar dongstoffen en lânbougif binne net genôch en it tafersjoch soe better moatte, sa fine se. De fraksjes wolle dat it bestjoer alle middels fol ynset om de doelen te heljen. Ek soe it mear ynsette moatte op biologyske lânbou, om't dat in grutte reduksje fan ferkearde stoffen opsmyt.
As Deputearre Steaten dat net wol, freegje de fraksjes in 'reflectie op de juridische en economische risico's.'