Andries Noppert op de bank tsjin Grikelân: Koeman kiest foar Flekken

Andries Noppert sit op de bank mei it wichtige EK kwalifikaasjeduel fan Oranje tsjin Grikelân. Bûnscoach Ronald Koeman hat foar Mark Flekken keazen.
Koeman hat foar de twa EK wedstriden trije doelmannen selektearre: Mark Flekken fan Brentford, Bart Verbruggen fan Brighton en Andries Noppert fan Hearrenfean. Woansdeitemoarn hat hy op it trainingsfjild oan de doelmannen ferteld dat hy kiest foar Mark Flekken.
"Mark is fit en al langere tijd in vorm. Bovendien zit hij ook al langer bij de groep. En Andries heeft een geweldig WK gekeept, maar is natuurlijk een tijdje geblesseerd geweest."
"Bart (Verbruggen red.) wordt een geweldige keeper en heeft een geweldige toekomst voor zich liggen, maar voor donderdagavond kies ik voor Mark."
Justin Bijlow
Feyenoord-doelman Justin Bijlow krige mei de finalewedstriden fan de Nation League (tsjin Kroäsië en Italië) de foarkar fan Koeman, mar sit net by de seleksje fanwege in blessuere oan de pols.
"Justin is nu geblesseerd en ik weet niet hoe dat is over drie of vier maanden", sa seit Koeman. "Maar ik zou er graag naartoe willen om echt een nummer één doelman te hebben."