Sven van Beek makket rentree by Hearrenfean mei nederlaach tsjin FC Grins

Sven van Beek © Orange Pictures
Sportklup Hearrenfean hat in oefenwedstriid tsjin FC Grins mei 1-0 ferlern. It gie om in besletten oefenwedstriid op it trainingskompleks fan Grins op Sportpark Corpus den Hoorn.
Beide ploegen spylje dizze wike net yn de kompetysje, omdat der dizze wike ynterlânferplichtingen binne. De oefenwedstriid wie yn it foar net bekend makke, omdat de lokale trijehoek fan boargemaster, plysje en offisier fan justysje der fanwegen de feiligens gjin publyk by ha woe.
It wie foar Hearrenfean de rentree foar Sven van Beek. De ferdigener rekke yn in wedstriid op 7 jannewaris fan dit jier swier blessearre oan 'e haksine ('achillespees'). Hy trainde dizze simmer al wer wat mei en spile yn Grins foar it earst wer mei yn in wedstriid. Hy kaam allinnich de earste helte yn aksje.
Hearrenfean miste seis potinsjele basisspilers, omdat dy mei harren lân dizze wike spylje.

Duel yn lykwicht

De wedstriid wie reedlik yn lykwicht. Likegoed yn de earste helte as yn de twadde helte krigen beide ploegen hast gjin kânsen.
De bêste kânsen wiene noch krekt wol foar Hearrenfean. Pelle van Amersfoort kaam ien op ien mei Hidde Jurjus, mar skeat op de keeper. Yn de twadde helte wie der in hurd skot fan sa'n 20 meter fan Simon Olsson rjocht op de keeper fan FC Grins.
Yn de einfaze moast Hearrenfeankeeper Mickey van der Hart dochs in pear yn aksje komme. Trije minuten foar tiid wie er kânsleas. Noam Emeran kaam hielendal frij en skeat de bal yn de fiere hoeke.
Hearrenfean earste helte: Mickey van der Hart, Denzel Hall, Sven van Beek, Djenahro Nunumete. Oliver Braude, Anas Tahiri, Thom Haye, Xavier Woudstra, Melle Joop Witteveen, Pelle van Amersfoort en Safouane Karim.
Hearrenfean twadde helte: Mickey van der Hart, Denzel Hall, Syb van Ottele, Djenahro Nunumete (78/Espen van Ee), Roan van der Plaat, Thom Haye, Luuk Brouwers, Simon Olsson, Ché Nunnely, Dimitris Rallis en Mats Köhlert
Ofwêzich: Ousame Sahraoui, Daniel Karlsbakk, Pawel Bochniewicz, Patrik Wålemark, Ion Nicolaescu, Andries Noppert en Bernt Klaverboer.