Ferkeap nijbouhûzen giet nearne sa hurd ûnderút as yn Fryslân

De ferkeap fan nijbouhûzen is yn it ôfrûne healjier nearne sa fier tebekrûn as yn Fryslân. Der waarden 66 persint minder nijbouwenten ferkocht.
Troch de stilfallende ferkeap falle ek in soad bouprojekten út. Dat seit WoningBouwersNL, brânsj-organisaasje foar ûntwikkelders en bou-ûndernimmers. "Ook worden er minder bouwplannen gemaakt. In het licht van het enorme woningtekort is dat maatschappelijk gezien zeer onwenselijk."
Yn hast alle provinsjes krige de ferkeap fan nijbouhûzen in grutte klap. Njonken Fryslân binne Seelân (min 64 prosint) en Drinte (-56 prosint) útsjitters.
Ek djoerder
Nijbouhûzen wurde ek hieltyd djoerder yn fergelyk mei besteande wenten en stean ek langer te keap. Benammen de fraach nei nije, djoere apparteminten is flink tebekrûn.
Earder dit jier waard al dúdlik dat de ferkeap fan nijbouwenten yn de earste helte fan dit jier ynstoart wie, der kamen 9.000 wenten by. Dat is it leechste oantal sûnt it krisisjier 2013.