Waadferiening: ferlies wrâlderfgoedstatus soe funest wêze foar lokale ûndernimmers

As de Waadsee de status fan UNESCO Wrâlderfgoed kwytrekket, soe dat in ramp betsjutte foar de ûndernimmers yn it gebiet. Dat seit Frank Petersen fan de Waadferiening, dy't syn hoop fêstiget op it folgjende kabinet.
UNESCO wol dat de gas- en sâltwinning by it Waad stilset wurdt, want troch dy wurksumens kin de boaiem ûnder de Waadsee fersakje. Troch dy boaiemdelgong yn kombinaasje mei seespegelsteging driget it Waad datjinge te ferliezen wat it unyk makket: it drûchfallen by eb.
Dat is essinsjeel foar it bioferskaat op it Waad. Want dat de see drûchfalt, soarget derfoar dat fûgels iten fine kinne. Boaiemdelgong is lykwols net it iennige probleem: fisken en oare seebisten ha ek lêst fan it lûd troch it wurk ûnder see.
Gjin loas drigemint
UNESCO sprekt har soargen út yn in kritysk rapport, opsteld troch in ynternasjonaal gearwurkingsferbân foar natuerbehâld. Dêryn stelt UNESCO ûnder oare dat de gaswinning by Ternaard net trochgean mei. Boppedat moatte Nederlân, Dútslân en Denemarken op syn lêst 1 febrewaris in plan ha foar it behâld fan de Waadsee.
Petersen is benaud dat it boadskip fan UNESCO gjin loas drigemint is. "Ik begrijp dat de status daadwerkelijk op het spel staat, maar dat we nog in de eerste minuten van de wedstrijd zitten, om het zo maar te zeggen."

It is net foar it earst dat UNESCO har soargen útsprekt oer de steat fan de Waadsee. "Kennelijk vindt UNESCO dat Nederland niet genoeg heeft gedaan met de zorgen, waardoor er nu een procedure in gang is gezet."
Dy proseduere hâldt ûnder oare yn dat it rapport oer de Waadsee letter dizze moanne yn Saûdy-Arabië behannele wurdt op de jierlikse gearkomste fan UNESCO. Uteinlik kin de status fan wrâlderfgoed ynlutsen wurde.
Australië as foarbyld
Safier is it lykwols noch net. "Dit is eerder gebeurd, in Australië bijvoorbeeld, bij het Great Barrier Reef", wit Petersen. "De Australische regering stribbelde toen eerst heel erg tegen: 'waar bemoeit UNESCO zich mee?' Uiteindelijk heeft Australië wel precies gedaan wat UNESCO hen opdroeg, juist om die werelderfgoedstatus te behouden."
Als de status verdwijnt omdat Nederland gehoor geeft aan de belangen van twee grote internationale mijnbouwbedrijven, is alle inzet voor niets geweest.
Petersen hopet dat Nederlân dat ek docht, want oars is it ûnder oare funest foar ûndernimmers yn de regio. "Of het nou gaat om bijvoorbeeld horecazaken of campings, allemaal ondernemers op de eilanden en in de kustregio beseffen in toenemende mate dat ze in een uniek natuurgebied zitten."
En dat smyt klandyzje op. "Ze gebruiken die status van werelderfgoed om aantrekkelijk te zijn voor bezoekers. Als die status verdwijnt omdat Nederland gehoor geeft aan de belangen van twee grote internationale mijnbouwbedrijven, is alle inzet voor niets geweest."
Undernimmers yn Waadgebiet hoopje dat UNESCO-status beholden bliuwt
It kabinet is demisjonêr, dus Petersen ferwachtet net dat der de kommende moannen in soad gebeurt. "Dit onderwerp zal wel controversieel worden verklaard in de Tweede Kamer, dan mag het kabinet van Rutte er niets meer aan doen."
"Vervolgens willen we een nieuw kabinet uitnodigen om zo snel mogelijk de aanbevelingen van UNESCO om te zetten in wetgeving en regelgeving. Er moeten in ieder geval geen nieuwe vergunningen worden afgegeven voor bijvoorbeeld gaswinning onder de Waddenzee vanuit Ternaard of voor meer zoutwinning vanuit Harlingen."