Bewenners rekreaasjepark Hildenberg tsjinoer gemeente Eaststellingwerf: "Us hûs, ús grûn"

De Hildenberg yn Appelskea © Google Street View
Kin ik hjir noch wol wenje? It is de fraach dy't minsken op rekreaasjepark De Hildenberg yn Appelskea de lêste moannen dwaande hâldt, nei't de gemeente Eaststellingwerf oankundige mooglik optrede te sillen tsjin permaninte bewenning.
De gemeente hat twa fersiken krigen om tsjin permaninte bewenning yn aksje te kommen: guon eigeners fan de rekreaasjewenning kleie dat harren gebouwen minder ferhierd wurde en dat de útstrieling fan it park efterút giet.
Dat soe komme trochdat der minsken permanint wenje. Ien fan harren is Dries Heida en syn partner. "We binne hjir gewoan ynskreaun. De gemeente hat ek neat sein doe't we dat dienen, we mochten hjir gewoan wenje. We binne doe sels ferwolkomme."
Bewenners rekreaasjepark Hildenberg tsjinoer gemeente Eaststellingwerf
Doe't se fan it simmer in brief fan de gemeente krigen, wie de ferbjustering dan ek grut. "Dêr stie yn dat der hanthavene wurdt, dat we hjir in bepaalde tiid fan it jier net wenje meie."
Tiisdeitejûn by in gearkomste yn Appelskea moast dêr mear dúdlik oer wurde. Bewenners waarden bypraat troch ferskate amtners en twa wethâlders, ûnder wa Gerben But. Dy fertelde dat de wenningen in "recreatieve bestemming" ha. "Dus de recreatiewoning is bedoeld om te recreëren, niet om te wonen."
In folle seal by de gearkomste oer permaninte bewenning op De Hildenberg © Lourens Looijenga
Heida fynt it mar in frjemd ferhaal. "Ik ha nei de gemeente ta belle doe't wy hjir kamen te wenjen, dêr seinen se: 'Geen probleem.'"
Hy krijt byfal fan in oare bewenner, Jan Dijkstra. "It is ús hûs, it is ús grûn." Oars as Heida wennet Dijkstra der net permanint, mar in bepaalde tiid fan it jier. "Ik hoopje net dat ik dêryn beheind wurd. Yn guon parken meist op syn meast 100 dagen it jier wenje, ik hoopje net dat dat hjir gebeurt."

Warskôging foar leechstân en kriminaliteit

Neffens Dijkstra is it oan de permaninte bewenners te tankjen dat it park 'libbet'. "As alle minsken hjirwei geane, dan wurdt de situaasje wer as yn 2008: in soad leechstân, kriminaliteit en ûnfeilichheid."
Dochs koenen de bewenners witte dat se der net permanint wenje mochten, neffens wethâlder But. "We hebben dan wel geen brief verstuurd met de waarschuwing dat mensen er niet mochten wonen. We gaan ervan uit dat je weet welke regels er zijn, op het moment dat je je inschrijft op een recreatiepark. Als het goed is staat dat ook bij deze mensen in het koopcontract."

Jannewaris mear dúdlikheid

Oant en mei jannewaris sil de gemeente de situaasje yn kaart bringe. "Dan bekijken we waar de overtredingen plaatsvinden. Dat gaat om zowel permanente bewoning als om illegale bouwwerken bij huizen. Zo krijgen we een totaalbeeld van hoe we wellicht over kunnen gaan tot handhaving. Maar de beslissing over een eventueel handhavingstraject valt pas in januari."