Liveblog
|
6 septimber
112-nijs 6 septimber: Tsjûge 'Sint Anne' meldt him | Gniisgaspân yn Snits oprôle
Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
Lêst bywurke: 6 septimber, 16:09
16:09
Drugspân yn Snits sletten dêr't gniisgashannel wie

Oan de Nauwe Noorderhorne yn Snits is in drugspân sletten. Der waard gniisgas ferhannele: by in plysjekontrôle die bliken dat der hûnderten gniisgaspatroanen yn it pân leine. Sûnt dit jier stiet gniisgas op de list fan ferbeane middels, dat betsjut dat de boargemaster hannelje kin. De gemeente krige meldingen binnen dat minderjierrigen yn it pân gniisgas krije koene. It gebou is foar trije moannen ticht.
11:32
Fergees mei de bus troch steuring
Troch in steuring by Arriva wol it yn- en útchecken yn de bus net. Reizgers yn Noard-Nederlân kinne op it stuit dus fergees mei de bus.
De steuring by Arriva wurdt feroarsake troch softwareproblemen yn de boardkompjûters yn de bussen. It giet om in lanlik probleem, mar de bussen yn it Noarden ha der it measte lêst fan, meldt Arriva. It is net dúdlik hoe lang ien en oar noch duorje sil.
11:19
Auto yn it wetter nei botsing yn Drachten

Op de Zuiderhogeweg yn Drachten, op 'e hichte fan swimbad De Welle, kamen woansdeitemoarn twa auto's mei elkoar yn botsing. Troch de oanriding bedarre ien fan de auto's yn de njonkenlizzende sleat.
Safier bekend rekke der net ien ferwûne. It is noch net dúdlik hoe't it ûngelok krekt barre koe.
10:41
Ljouwerter fan 'e moarn oerfallen
De plysje siket twa minsken dy't derfan fertocht wurde in bewenner fan in hûs oan de Schieringerweg yn Ljouwert oerfallen te hawwen. Dat gebeurde fan 'e moarn betiid.
Doe't de man om 5.20 oere de doarbel hearde en syn doar iepen die, waard er troch twa fertochten fuorttreaun. Yn panyk sprong de man syn sliepkeamersrút út, om út te naaien.
De fertochten ha guod stellen út de wenning fan de 26-jierrige Ljouwerter. Se ha ek syn autokaaien meinaam, wêrnei't se mei syn auto fuortrieden.
De resjerzje is dwaande mei ûndersyk nei de oerfal. De plysje siket kontakt mei tsjûgen dy't fan 'e moarn wat opfallends sjoen ha. Se freegje buertbewenners mei kamera's ek om te sjen oft se bylden ha.
10:11
Tsjûge 'Sint Anne' meldt him

In "belangrike" tsjûge fan it ynsidint yn Sint Anne, wêrby't yn de nacht fan tongersdei 24 op freed 25 augustus in deade man op de dyk fûn waard, hat him by de plysje meld. It lichem fan de 35-jierrige man út Ljouwert waard fûn op de N393.
Dy man wie troch twa auto's oanriden, mar hy soe al op de dyk lein ha doe't de auto's him rekken. De bestjoerders fan dy auto's ha de helptsjinsten belle en in ferklearring oan de plysje ôflein. De plysje wist dat der yn alle gefallen noch ien oare auto op de dyk ried. De bestjoerder fan dy auto hat him no dus ek meld.
De ynformaasje fan dy bestjoerder is, sa't in wurdfierder seit, "van waarde voor het onderzoek". Dat ûndersyk is noch geande.
By Opsporing Verzocht binne noch twa oare tips binnenkaam, dy wurde ek neigien.
09:20
Gjin file mear
De steuring yn de brêge by Koarnwertersân is wer ferholpen, der stiet yntusken ek gjin file mear.