Hoe't Ljouwert tsjin alle ferwachtings yn dochs Kulturele Haadstêd waard

© ANP
It wie útsûnderlik, in 'once in a lifetime'-momint, dat Ljouwert tsien jier lyn de titel Kulturele Haadstêd fan Europa binnenhelle. Ljouwert wie eins al ôffallen, mar krige úteinlik dochs it foardiel fan de twivel fan de sjuery.
Hûnderttûzenen besikers seagen dêrtroch yn 2018 bygelyks De Reuzen fan Royal de Luxe troch de stêd kuierjen. Woansdei is it eksakt tsien jier lyn dat dy sjuerybeslissing bekend makke waard, op in grôtfol Gouverneursplein yn de stêd. "It plein ûntplofte", fertelt Gerard van der Veer.
Hy makke de twadielige FryslânDOK 'It wûnder fan 2018', basearre op it lyknammige boek fan histoarikus Geart de Vries. Sawol de dokumintêre as it boek wurde woansdei presintearre.
Mar it hie net folle skeeld of Ljouwert hie nea Kulturele Haadstêd fan Europa wurden. It like út te rinnen op in twastriid tusken Eindhoven en Maastricht, mar úteinlik waard Ljouwert dochs noch taheakke oan de kânshawwers. "Yn it lêste sjueryberied is Ljouwert wer op tafel kaam en yn de diskusje brocht."

'Unfrysk'

Uteinlik gie de stêd der ek noch mei de titel fan troch. Hoe hat Fryslân dat no krekt foar elkoar spile? En wat is de neilittenskip fan Kulturele Haadstêd? Oer dy fragen ha Van der Veer en De Vries har de ôfrûne tiid bûgd.
"Want it wie eins hiel 'ûnfrysk' wat der barde", neffens Van der Veer. "Fryslân, in plattelânsprovinsje mei 'calimerogedrach', dy't ynienen sa'n enoarm projekt krige."
'Outsider Leeuwarden wint strijd Culturele Hoofdstad', sa kopte de Volkskrant yn septimber 2013. En Ljouwert wie beslist in outsider, want der libben in soad fragen by de sjuery. "Kinne jim al dy besikers wol húsfestje, binne der wol genôch hotels, is Ljouwert net te lyts?"
© ANP
Wat hat der dan foar soarge dat de eagen fan de sjueryleden úteinlik op Fryslân foelen? "De presintaasje foar de sjuery wie hiel bysûnder", fertelt Geart de Vries.
"It wiene net de bobo's, lykas fan Maastricht, dy't de presintaasje diene. Nee, se ha it fan ûnderop presintearre. Dat is hiel goed ûntfongen. En dat wylst it earste projektfoarstel net goed genôch wie."
De sjueryleden kamen út de romte en wisten net wat se seagen.
Gerard van der Veer
Ek by de sjuerybesite yn Ljouwert hat de organisaasje alles út de kast helle. "Doe't de sjuery yn de Blokhúspoarte oan it fergaderjen wie, is de keale gong wêrtroch't sy binnenkamen yn trije kertier omtsjoend ta hotellounge. Mei tapyt, behang en skilderijen."
"De sjueryleden kamen út de romte en wisten net wat se seagen. Sa waard besocht harren te oertsjûgjen", memorearret Van der Veer.

Haadrolspilers

Guon persoanen ha in krúsjale rol spile yn it binnenheljen fan de titel. Tink oan Jannewietske de Vries, yn dy tiid deputearre fan de provinsje Fryslân.
Geart de Vries neamt har ek wol 'de mem fan Kulturele Haadstêd'. Mar ek manlju as Klaas Sietse Spoelstra en âld-boargemaster fan Ljouwert Ferd Crone wiene wichtich yn it proses.
Geart de Vries en Gerard van der Veer © Omrop Fryslân, Annet Huisman
Opmerklik is neffens Van der Veer en De Vries dat der ek benammen ynformeel in hiel soad regele is om de titel binnen te heljen.
Sa hat der neffens harren in geheim beried west by deputearre De Vries oan de keukentafel. "It hat mar koart bestien, mar wol hiel belangryk west", neffens Geart de Vries.
Fiif jier nei Kulturele Haadstêd kinne de measte Friezen har de hichtepunten noch wol heuge. De Reuzen, it ljochtkeunstwurk, mar ek de tsientallen lytsere projekten. Wie it in wûnder? "Ik tink it wol", is De Vries fan betinken.

Krityk

Dochs hat der yn oanrin nei Kulturele Haadstêd in soad krityk west. Der hat altyd diskusje west oer it jild, de kosten fan it enoarme projekt. Mear as hûndert miljoen euro hat it koste, mei alle projekten derby.
Ek de organisaasje hat it dreech hân. "Der ha yn al dy jierren acht direkteuren west, dat seit wol wat. Der is in soad bard, mar it koe trochgean."
Der kaam ek krityk dat it foaral in kultureel feest west hat, wylst de opset folle breder wie. "Kinst dy dêrneist ek ôffreegje hoe ynternasjonaal oft it echt west hat", seit De Vries.
De FryslânDOK 'It wûnder fan 2018' (diel 1) is kommend wykein te sjen by Omrop Fryslân en NPO2. Nije wike folget it twadde diel. Sneon 9 septimber wurdt de dokumintêre om 15.30 oere útstjoerd op NPO2. Snein 10 septimber is 'It wûnder fan 2018' om 17.00 oere by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen.
Wat ha Ljouwert en Fryslân úteinlik oan Kulturele Haadstêd hân? En wat is der fiif jier letter noch fan oer? "Eartiids wie it: Ljouwert is neat, en it wurdt neat. Mar dat gefoel is yntusken wol fuort. Dat is de wichtichste ferwurvenheid fan Kulturele Haadstêd", leit Van der Veer út. "In mentaliteitssprong."

'Oppepper'

Foar Ljouwert hat it in enoarme 'oppepper' west. "Net allinne fysyk, lykas it stasjonsgebiet en de fontein", neffens De Vries. "Mar ek mentaal. Sa'n lyts stedsje as Ljouwert stiet foar altyd yn dat rychje mei Europeeske kultuerhaadstêden."