UNESCO wie noch nea sa útsprutsen: Waadsee ferliest status as mynbou trochset

De Waadsee, op dit stuit UNESCO Wrâlderfgoed © Shutterstock.com (Thea.Photo)
De Waadsee driget de status fan UNESCO Wrâlderfgoed te ferliezen as Nederlân trochset mei gas- en sâltwinning. Sa útsprutsen hat UNESCO it noch net earder sein. Yn in rapport is de organisaasje tige kritysk.
It rapport is opsteld troch it ynternasjonale gearwurkingsferbân IUCN (International Union for Conservation of Nature and Natural Resources). Demisjonêr minister Christianne van der Wal hat in part fan it rapport tiisdeitejûn nei de Twadde Keamer stjoerd.
UNESCO wol net dat de gaswinning by Ternaard trochgiet en hat noed oer de sâltwinning ûnder it Waad. Ek oaljewinning en de oanlis fan kabels foarmje gefaar foar de natuer.
Nederlân, Dútslân en Denemarken moatte uterlik op 1 febrewaris in plan ynleverje foar it behâld fan de Waadsee.

It unike fan it Waad

Troch de mynbou kin de boaiem ûnder it Waad fersakje. Dêr ek noch de seespegelstiging by rekkene, dan kin de Waadsee syn unike kenmerk ferlieze: it drûchfallen by eb. It Waad is sûnt 2009 Wrâlderfgoed.
"Extractive activities are incompatible with World Heritage status", sa stiet yn it rapport. "Natural resource extraction below the property has the potential to adversely impact its Outstanding Universal Value."
Lyts protest tsjin gaswinning by Ternaard © ANP
Minister Van der Wal komt pas letter mei in ynhâldlike reaksje. Earst moat UNESCO in definityf beslút nimme oer de advizen út it rapport. Dat bart tusken 10 en 25 septimber, as der in grutte konferinsje is yn Saûdy-Arabië.

Waadferiening: nim warskôging serieus

Neffens de Waadferiening is de warskôging fan UNESCO in earste stap yn it mooglik ferliezen fan de status. De hoop is dat it regear de warskôging dan ek serieus nimt. As it net bart, is de feriening benaud dat it natuergebiet úteinlik de status ferliest, mei alle gefolgen dy't dêrby hearre.