Alde gymseal yn Surhústerfean makket lang om let romte foar nijbou

Lang om let is de sloop fan de âlde gymseal fan it OSG Singelland VO yn Surhústerfean úteinset. Yn maart stimde de ried fan Achtkarspelen yn mei nijbou fan de sportfoarsjenning.
"We verwachten dat het gebouw binnen een week volledig plat ligt en dat alle materialen zijn afgevoerd", seit direkteur Rick Lei.
Fanwege corona, wikselingen yn de direksje fan de skoalle en ûnderhannelingen oer it uterlik fan it gebou duorre it lang foar't der grien ljocht kaam. Der waard al sûnt 2019 er praat. Mar de gemeenteried hat no foar de nijbou 1.619.000 euro beskikber steld.
Neffens direkteur Lei wie de âlde sportseal net mear geskikt foar dizze tiid: "De oude sporthal dateerde uit de jaren 60 en was te verouderd. We krijgen nu een zaal die is afgestemd op de behoeften van hedendaags bewegingsonderwijs."
It nije gebou wurdt wat heger en krijt in ynteraktive muorre dêr't bern mei help fan kompjûters, ljocht en lûd oan beweging dwaan kinne.
Tydlik sport op in oar plak
It bewegingsûnderwiis fynt tydlik earne oars plak. "Gelukkig is het momenteel mooi weer en kunnen we naar buiten gaan. We kunnen de Surventohal gebruiken, waar wat meer ruimte beschikbaar is, maar het kan zijn dat af en toe een les moet worden overgeslagen."
De hoop is dat de nije gymseal yn febrewaris klear is.