Keunstwrâld bot skrokken fan it stellen fan it skilderij fan Redbad

Histoarikus Mark Raat © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
It nijs dat it âldst bekende skilderij fan kening Redbad stellen is, slacht yn de keunstwrâld yn as in bom. It wurk is dit wykein meinaam út it eardere stedhûs fan Medemblik.
"Dit is freeslik, want it hat in grutte histoaryske wearde," seit histoarikus Mark Raat. Hy hat ferskate kearen ûndersyk dien nei Redbad en de byltenissen fan de kening. "Doe't ik it nijs hearde, woe ik earst net leauwe."
Saakkundigen meitsje har soargen oer it stellen skilderij fan de Fryske kening Redbad
It skilderij is makke yn de twadde helte fan de 17e iuw, al hast tûzen jier nei de dea fan Redbad. De kening libbe om it jier 700 hinne. Mar foar safier bekend is it de âldste ôfbylding fan de ferneamde kening.
It stellen skilderij, doe't it noch yn it âlde stedhûs fan Medemblik hong © Mark Raat
De finansjele wearde fan it skilderij is net heech, jouwe saakkundigen oan. Wa't it krekt skildere hat, is net bekend.
"Ik kin my net betinke dat ien dy't net wit wa't Redbad is of wat de eftergrûn fan it wurk is, it keapje soe op in feiling", seit Raat. "Yn jild sil it net safolle weard wêze. In elektryske fyts is djoerder."

Kopy fan it Fries Museum

Mar de wearde fan it stellen skilderij kinne je eins net yn jild útdrukke, seit konservator Marlies Stoker fan it Fries Museum. Yn it museum leit in kopy fan it Medemblikker skilderij yn it depot.
Konservator Marlies Stoter by de kopy fan it Fries Museum © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
"Deze kopie is pas gemaakt aan het einde van de negentiende eeuw. Maar zo ziet het er helemaal niet uit. De schilder heeft ontzettend z'n best gedaan om het er authentiek en echt uit te laten zien", fertelt Stoker. "Nu wordt dit schilderij van ons wat belangrijker, omdat het schilderij van Medemblik gestolen is."

"Enorm verdrietig"

Sy skrok wol bot fan de dieverij. "Het is enorm verdrietig. Want je vraagt je ook af wat ermee gebeurt en waar het blijft. Het is een schilderij dat al honderden jaren in Medemblik hangt en hen herinnert aan het roemruchte verleden van koning Radboud."
Neffens de Medemblikkers hat Redbad ea yn dy stêd wenne. "Daardoor zijn de verhalen over de koning blijven bestaan. Redbad werd door de stad Medemblik meegenomen in de geschiedschrijving, ze raakten met elkaar verbonden."

Net sa'n tûke aksje

Arthur Brand, in bekende detective dy't him dwaande hâldt mei keunstrôf, fynt de dieverij net sa'n tûke aksje. "De dieven hebben waarschijnlijk gedacht dat die schilderijen van die rijke meneren wel veel opbrengen. Maar het hangt er wel vanaf wie de schilder is."
In soad jild is it skilderij fan Redbad ek net perfoarst wurdich, want de skilder is ek net bekend. "Maar het is een fantastisch werk. Heel waarheidsgetrouw zal het niet zijn, want het is lang na zijn dood geschilderd. Maar toch is het een interessant historisch portret."
Keunstdetective Arthur Brand © ANP
De dieverij is net de earste yn Noard-Hollân. "We hebben ook Hoorn gehad. Daar vonden we objecten terug in Oekraïne. Dat geeft ook wel aan dat je niet weet waar je moet zoeken. Het is afwachten waar het eerste spoor heen leidt."
"Af en toe worden schilderijen ingezet in het criminele milieu als betaling", leit Brand út. "Of iemand probeert er ooit strafvermindering voor te krijgen. Dat lukt in Nederland al niet meer, maar met dit schilderij ook niet: daar is het niet belangrijk genoeg voor. Maar ze zullen wel gedacht hebben het wel kwijt te raken."
Historisch zijn deze schilderijen net zo belangrijk als een schilderij van Rembrandt.
Keunstdetective Arthur Brand
Brand hat wol noed oer hoe't it doek der no by leit. "Absoluut, want historisch zijn deze schilderijen net zo belangrijk als een schilderij van Rembrandt. Misschien ligt het wel in een lekkende kelder, zeg het maar."
De keunstdetective docht gjin ûndersyk nei de saak, mar hâldt de earen en eagen wol iepen. "Ik ben met andere zaken bezig, maar als ik maar iets hoor, dan bijt ik me er wel vast. Ik wil ook niet tussen het onderzoek van de politie lopen."