Fan Freark nei Frederico: de foarstelling 'Wat Soesto!' yn it Friûlysk

Akteur Freark Smink is op dit stuit yn Italië om de foarstelling 'Wat Soesto!' oer te dragen oan akteurs dy't it stik dêr opfiere sille. Dat is noch in hiel o-heden troch it ferskil yn taal.
'Wat Soesto!' is in portret fan in boer mei al syn wrakselingen, foar in part basearre op de eigen ûnderfiningen fan Smink. De foarstelling wie in sukses yn Fryslân en waard ek al oer de provinsjegrins brocht.
Mar no giet it stik ek nei Noardeast-Italië, dêr't Smink en syn frou Klaasje Postma no binne. "Klaasje en ik hawwe in wike repetearre om de boel op skerp te setten. No geane sy sels fierder en ein novimber sil Jos Thie der hinne om de puntjes op de i te setten. En dan komt der ein novimber in premjêre fan it toanielstik."
Yn it Friûlysk
Bysûnder is dat it stik opfierd wurdt yn it Friûlysk, of it Furlan, sa't sy dêr sizze. It is in minderheidstaal. Foar Smink smyt dat in flinke útdaging op.
Fan it Italiaansk kinst noch wolris wat wurden opfange, mar it Furlan is potferdikke net simpel.
"Fan it Italiaansk kinst noch wolris wat wurden opfange, mar it Furlan is potferdikke net simpel. Ik kin aldergeloks wol de emoasje sjen, oft dat in bytsje kloppet", seit er.
Smink fertelt hoe't hy en Klaasje it oanpakke. "Wy spylje earst sels in stikje foar yn it Frysk. Ik jou de rûte oan, hoe't je rinne en dogge yn sa'n sêne. Dêrnei lêze wy it yn it Furlan. Ik ferstean der neat fan, mar besykje it mei in Ingelske oersetting wat by te hâlden."
Dêrnei lit hy de Italiaanske akteurs spylje. "Ik sjoch meast wol wat sy krekt spylje. Dat falt my wol wer ta. Je kinne dus wol yngripe, mar net op de taal regissearje."
Freark is no Frederico
Grappich is dat de rol fan Freark yn Italië spile wurdt troch Frederico. "It is in beam fan in keardel. Hy hjit ek Freark, mar dan op syn Italiaansk: Frederico. Wy hawwe suver deselde namme." It gebiet dêr't it opfierd wurdt, is ek in agraryske regio. Dat past goed by it stik.

Smink is mar wat entûsjast oer de Italiaanske akteurs. "Sy hawwe hiel goede techniken om emoasjes del te setten. Sy kinne goed skeakelje yn it spyljen: fan fertriet nei wille. Lyk as yn de hâldingen. Ik siet somtiden te sjen en tocht: bliksem, dit dochsto better as ik."
Yn 2021 gie de foarstelling yn Fryslân yn premjêre, it ferfolch yn Italië moat yn novimber op de planken komme.