Pluktún Nijhoarne rint as in tierelier, mar hie eins net nedich wêze moatten

Der wurdt folop gebrûk makke fan de selspluktún yn Nijhoarne. Minsken mei in lytse beurs meie dêr sels harren griente plukke. Yntusken jout de tún griente oan sa'n 300 famyljes.
Koerzjette, reade byt, pastinaak: der stiet fan alles yn de tún. Mear as 80 soarten griente wurde dêr ferboud.
Op freed en sneon meie de minsken sels harren grienten plukke, fertelt Loraine Westerneng fan Stichting Sociaal & Vitaal. "De mensen mogen dan zelf kiezen wat ze willen oogsten. We hebben een hele lijst, en de mensen kiezen dus zelf wat voor groente ze de hele week op tafel zetten."
De Pluktún Nijehoarne is in grut sukses, mar wol mei in dûbeld gefoel
Dit is it tredde rispingejier fan de stichting. De pluktún wurket gear mei de Voedselbank op It Hearrenfean. Op woansdeis komt der in groep frijwilligers fan de Voedselbank. Sy nimme dan farske griente mei foar de voedselpakketten.
De populariteit betekent dat er veel mensen zijn die het financieel moeilijk hebben.
Westerneng fynt it moai dat der sa folle minsken gebrûk meitsje fan de tún. Mar it hat ek in kearside. "Het is altijd een beetje dubbel, de populariteit betekent dat er veel mensen zijn die het financieel moeilijk hebben." Just dêrom fynt Westerneng is sa wichtich dat dizze tunen der binne.

De tún draait op stipe fan ûndernimmers en de oerheid. De stichting wol graach mear fan dizze tunen yn Fryslân oanlizze.
"Wij maken ons er hard voor dat deze aanpak op andere plekken ingezet wordt en dat we anders gaan kijken naar onze sociale vraagstukken."

De stichting sjocht dat gemeenten ek entûsjast binne. "Wij werken er nu aan om zo'n tuin in de vier grote gemeenten van Fryslân te krijgen. Daarmee kunnen we een heel mooi voorbeeld zijn voor de rest van Nederland."
Meer dan een groentetuin
De tún is neffens Westerneng folle mear as allinne in plak om fergees iten te krijen. "Je leert waar je groenten vandaan komen, kinderen kunnen mee oogsten. Dat is super waardevol en het is een hele fijne plek om te komen."