Wêr binne tekeningen skilder Wybrand de Geest? Tresoar en Fries Museum freegje om help

It Fries Museum en histoarysk sintrum Tresoar binne op syk nei tekeningen fan de Ljouwerter keunstner Wybrand de Geest. Dy moatte yn 2025 te sjen wêze yn in tentoanstelling dy't it museum oer de skilder organisearret.
By de tentoanstelling wol it Fries Museum syn album amicorum, syn freoneboek, sjen litte, dat yn besit is fan Tresoar. Mar der binne 22 tekeningen út it album skuord of snien. Tresoar en it Fries Museum hoopje guon dêrfan werom te finen.
Der binne mar in pear freoneboeken fan keunstners. Wat noch wol yn De Geest syn album út it jier 1611 te sjen is, binne teksten yn ferskillende hânskriften en sa no en dan in tekening yn inket en ferve.

De achterbleaune rântsjes papier ferriede dat sa'n 22 tekeningen ûntbrekke. Tresoar tinkt dat de tekeningen fan ûnder oaren De Geest syn broer Gilles út it album snien binne, omdat dy jild opsmieten.
Mooglik binne se by samlers en yn museale kolleksjes kaam.
In album amicorum wie yn de 16de en 17de iuw foaral populêr by studinten dy't ferskillende universiteiten oandienen. Yn elke universiteitsstêd fregen se heechleararen, meistudinten en oare nijsgjirrige minsken om oan it album by te dragen. Lykas yn 'e foarm fan in motto, gedicht of sitaat.
Adellike jonges keazen foar de kombinaasje fan in tekene famyljewapen en har namme. Foarbylden dêrfan binne noch oanwêzich yn it album fan Wybrand de Geest, nei alle gedachten omdat dy heraldyske tekeningen net oan de man brocht wurde koenen.
De Geest wie yn de tweintiger jierren fan de 17e iuw de meast frege portretskilder fan syn tiid. Syn belangrykste klanten wienen de Fryske Nassaus.
De jierren dêrfoar wenne er yn Utrecht, Paris, Aix-en-Provence en Rome. Troch syn freoneboek is bekend mei watfoar studinten en kollega-keunstners De Geest ûnderweis omgie. Dat binne ûnder oare Gerrit Vredeman, Henrick Jans en Mathijs Harings.
De tekening fan lêstneamde is ien fan de 22 tekeningen dy't ferdwûn binne.

Tresoar en it Fries Museum hoopje no om op syn minst ien fan de ûntbrekkende tekeningen werom te finen. Se freegje dêrby om de help fan it publyk.
"De nammen en hannen fan de keunstners binne bekend", meldt Tresoar. "De ôfmjittingen fan de lestich te mjitten blêden binne likernôch 148 x 192 mm en guon blêden drage it wettermerk fan in 'narrenkap'."
Tips kinne nei m.stoter@friesmuseum.nl.