Brussel wol sjen nei status wolf, gefolgen bliuwe foarearst ûndúdlik

In Europeeske wolf © Shutterstock
De offisjele beskermingsstatus dy't de wolf op it stuit noch hat, kin miskien wol wat minder. Dat fynt foarsitter Ursula von der Leyen fan de Europeeske Kommisje. Se wol útsykje litte oft it goed is om it tal wolven te beheinen.
No falt de wolf noch ûnder de Europeeske habitatrjochtline en is it in beskerme soart. Wolven meie dêrom yn it wyld net fongen, fersteurd of deamakke wurde. As de beskermingsstatus omleech giet, soe dat feroarje kinne.
De kommende wiken sil it bestjoer fan de EU prate mei "lokale mienskippen, wittenskippers en oare belanghawwenden". Dy kinne oant 22 septimber ferslach útbringe oer de stân fan de wolf en de gefolgen dêrfan.

"Wol rjochtfeardige"

De groei fan it tal wolven soarget foar in diskusje, ek yn Fryslân. Sa binne natuerleafhawwers bliid dat de wolf werom is, oaren binne benaud foar de feiligens fan minsken en fee.
Undúdlik is lykwols noch hoe't in legere beskermingsstatus derút sjen sil, ek foar Harry Oosterman, foarsitter fan de Gebietskommisje Wolf yn Fryslân. Hy tinkt wol dat it in goede saak wêze soe as de wolf minder beskerme wurdt. "As je sjogge nei de fersprieding fan de wolf yn Europa, is dat tink ik sa stadichoan wol rjochtfeardige."
Harry Oosterman, foarsitter fan de Projectgroep Preventie Wolvenschade Fryslân © Omrop Fryslân
Yn natuergebieten yn Noard-Nederlân libje no sa'n fyftjin wolven. Tsien dêrfan binne noch jong.

Eventuele nije regels noch ûndúdlik

Wat it foar de wolf betsjutte soe as de beskermingsstatus omleech giet, is foar Oosterman ek noch de grutte fraach. "Wat de regels wurde, is foar my ek noch folslein ûndúdilk. De wolf sil bliuwe, mar ik tink dat de gedachte is dat der in bepaald minimum bliuwe moat. Fierder sil der behear op plakfine."
Behear kin fan alles betsjutte: ferjeie, fange of deasjitte. "Dat is ek de fraach: wat mei aanst wol, wat mei net? En yn hokker gefallen?"
Sa woe de provinsje Gelderlân it tastean om mei in paintballgewear op wolven te sjitten, mar dat mei net fan de rjochter. "Miskien mei dat aanst wol, as dy status feroaret. Dat is wat in soad feehâlders har no ôffreegje."
De kommisje fan Oosterman fergaderet tongersdei wer. "Dan sille we sûnder mis ek dit ûnderwerp beprate."