Fenna Kalma opnij bêste spylster fan de earedivyzje ferline seizoen

Fenna Kalma yn it shirt fan har nije klup VfL Wolfsburg © ANP
Fenna Kalma is útroppen ta bêste spylster fan ferline seizoen yn de earedivyzje. De 23-jierrige spits út Haskerhoarne makke it ôfrûne jier tritich goals yn de kompetysje foar FC Twente.
"Ik ben er supertrots op, al had ik het de andere meiden die genomineerd waren ook zeer gegund", sei Kalma nei de útferkiezing. "Zonder mijn teamgenoten was het niet gelukt, dus deze prijs is ook absoluut voor iedereen bij Twente."
Mei har prestaasjes fertsjinne se in transfer nei de Eurpeeske topklup VfL Wolfsburg, dy't ôfrûne juny noch yn de finale fan de Champions League stie.
By ESPN fertelde se ek hoe belangryk oft Twente foar har west hat. "Als ik kijk hoe ik daar binnenkwam en hoe ik er ben weggegaan, dan ben ik een heel ander persoon. Daarnaast heb ik vrienden voor het leven gemaakt, dat is misschien wel het belangrijkste voor mij."
Ien fan dy freonen is Maud Roetgerink, dy't de priis útrikte oan har âld-ploechgenoat.

Hoekstra ek nominearre

By de ferkiezing liet Kalma ûnder oare Tiny Hoekstra út Rinsumageast efter har. Hoekstra spilet no foar Ajax, mar yn it ferline wienen Kalma en Hoekstra noch ploechgenoaten by sc Hearrenfean. De oare trije nominearren wienen Oranjedoelfrou Daphne van Domselaar, Marisa Olislagers en Liz Rijsbergen.
By de manlju wûn Orkun Kokçü de priis. De âld-oanfierder fan Feyenoord spilet yntusken foar Benfica. De winners fan de priis foar bêste spiler en spylster wurde yn gearwurking mei spilersfakbûn VVCS keazen troch de oanfierders fan de earedivyzjeklups.