Big Bazar krijt gjin útstel fan de rjochter: fallisemint driget tiisdei

Big Bazar krijt fan de rjochter gjin ekstra tiid om mei skuldeaskers ta in akkoart te kommen. De winkelketen frege om útstel, mar de rjochtbank yn Ljouwert hat dat ôfwiisd. Dêrmei komt in fallisemint tichterby.
De rjochtbank hat der op grûn fan de troch de winkelketen presintearre begrutting gjin betrouwen yn dat it nei it útstel wol oan de ferplichtingen foldwaan kin. De efterstannen yn it beteljen binne te heech oprûn.
De hoop wie dat de keten in saneamde 'ôfkuollingsperioade' krije koe, om ôfspraken mei skuldeaskers te meitsjen en te reorganisearjen. Mar de rjochter gie dêr net yn mei.
It wurdt de keten swier oanrekkene dat de hier fan septimber net betelle is. Neffens de rjochter lit it sjen dat der gjin sicht op ferbettering is. Ek seis fan de sân skuldeaskers joegen oan gjin betrouwen te hawwen yn de sanearringsplannen.
Tiisdei earste fallisemintsoanfraach al
Meardere skuldeaskers hawwe fallisemintsoanfragen yntsjinne. Tiisdei wurdt de earste oanfraach yn behanneling naam troch de rjochtbank yn Amsterdam. Dy komt fan in ferhierder út Goes, mar ek oare ferhierders, leveransiers en útstjoerburo's diene al in oanfraach.
Finansjele problemen
Big Bazar hat it finansjeel dreech. De ôfrûne tiid klagen ferskate partijen dat Big Bazar de rekkens net mear betelle. Meardere ferhierders fan winkelpannen stapten nei de rjochter.
Topman Heerke Kooistra fan Damwâld joech earder oan dat hy fynt dat de problemen net de ein fan syn winkelketen hoege te wêzen. Der soene nije jildsjitters komme en de omset oer novimber en desimber soe in soad goedmeitsje moatte.

Fan de 23 winkels binne der al 12 sletten. Yn Fryslân sitte fiif fêstigingen: Ljouwert, Drachten, Boalsert, Snits en Easterwâlde.
Miljoenen ferlies
Tusken 2020 en 2022 makke it bedriuw alle jierren tusken de 13 en de 17 miljoen euro ferlies, al foel dat ek foar in part yn de coronakrisis.
Yntusken soe de skuld tsientallen miljoenen euro's wêze. By leveransiers en ferhierders soe it al sa'n 30 miljoen euro wêze en by de Belestingtsjinst hast 10 miljoen euro.