1,5 miljoen kúb sân foar Flylân fanwegen slitende kust

Het strand van Vlieland © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Flylân krijt der wer 1,5 miljoen kúb sân by op it strân. Rykswettersteat set takom wike útein mei grut ûnderhâld oan it Noardsee- en havenstrân. Itselde wurk sit der op It Amelân krekt op.
It opspuitsjen fan ekstra sân is nedich om't de kust flink slyt. Troch wyn, weagen en streaming skaaft der sân fan it strân en de dunen ôf. It Amelân is mei leafst 3 miljoen kúb sân fersterke, mar yn septimber is Flylân oan bar.
Rykswettersteat set op Flylân útein op it havenstrân, op de eastpunt tusken strânpeal 53 en de jachthaven. Dêr komt ek in sândepot. Letter folget it Noardseestrân tusken strânpeallen 46 en 50.

Fan de seeboaiem nei it strân

Spesjale baggerskippen sûgje sân fan de seeboaiem ôf, op mear as tsien kilometer fan de kust ôf. Dat wurdt mei in parslieding it strân op spuite, dêr't shovels en buldoazers it sân útride. Fia it strân kin it ek wer trochstowe de dunen yn.
Fanwegen it wurk moat in part fan it strân tydlik ôfsletten wurde. Fan moandei 11 septimber ôf is it havenstrân oant it strânpaviljoen oan de eastkant ticht.