Tibor Halilovic ferlit sc Hearrenfean en giet transferfrij nei syn jeugdleafde

Tibor Halilovic © Orange Pictures
Tibor Halilovic ferlit sportklup Hearrenfean. De Kroäat giet transferfrij nei syn âlde jeugdleafde Dinamo Zagreb.
De 28-jierrige middenfjilder is berne yn Zagreb en spile yn de jeugd foar de kampioen fan Zabreb. Hy spile lykwols noait foar it earste âlvetal. Hy ferhuze nei NK Lomotiva, makke in transfer nei Wisla Kraków en fia HNK Rijeka kaam hy nei Fryslân.
Tibor Halilovic nei syn goal tsjin RKC ferline jier © Orange Pictures
Hearrenfean betelle yn jannewaris 2021 sa'n 1,5 miljoen euro foar Halilovic. Yn it begjin spile hy ûnder trainer Johnny Jansen. Hy waard doe ek in pear moannen oanfierder fan Hearrenfean.
Yn septimber 2022 krige hy yn in wedstriid tsjin Ajax in reade kaart en dêrnei begûn it ferfal. Trainer Kees van Wonderen liet him hast net mear spylje en dizze simmer hat de klup oanjûn dat hy útsjen mei nei in nije klup.

Transferfrij

Halilovic hie noch in kontrakt oan 2024, mar dochs mei hy transferfrij fuort. Neffens algemien direkteur Ferry de Haan hopet Hearrenfean noch wol wat te fertsjinjen. As Halilovic nochris ferkocht wurdt troch Dinamo Zagreb, dan krijgt Hearrenfean in bepaald trochferkearpresintaazje.
Halilovic spile yn de Earedivyzje 69 kear foar sc Hearrenfean en skoarde dêryn seis kear.