Dizze Fryske dielnimmers stride yn Liet om in plak op it Regio Songfestival

De band 2nd TRY op Liet 2021 © Piet Douma
Der binne 13 dielnimmers dy't har kwalifisearre hawwe foar de twadde ronde fan it Fryske sjongfestival Liet. De winner fan dat festival sil Fryslân fertsjintwurdigje op it Regio Songfestival.
Fan de 13 dielnimmers in dizze twadde ronde meie der úteinlik acht troch nei de finale. Yn de tuskentiid mei it Fryske publyk yn in digitale stimming bepale wa't sy de bêste fine fia www.liet.frl.

De kânshawwers

De seleksjesjuery bestiet út skriuwer en artyst Gabrielle Terpstra, songwriter en artyst GINGE, radiopresintator Wim Brons en programmeur en Aaipop-organisator Pieter de Boer. Dy hat alle 18 ynstjoerde lieten beoardiele.
De 13 dielnimmers dy't troch binne ta de folgjende ronde binne: BANT, Days to Imagine, De Mann', De Poolwachters, Deun van Seun, Bone of Contention, Hille Hiddema, Melissa Pander, Ms T Mar Jazz, Partour, Samar Watt, Sequens en Volk!!
Liet-foarsitter Frans Veltman is wiis mei it tal ynstjoeringen. "Ek dit jier is der wer in soad ferskaat wat ynstjoerings oanbelanget", seit Veltman. "Der binne akts dy't komysk binne, boyband-eftich, poëtyske teksten, der is klienkeunst mar ek metal. Der falt wat te kiezen."
De winner fan Liet fertsjintwurdiget Fryslân op it Regio Songfestival. Dit muzykfestival wurdt organisearre troch Omrop Fryslân en 12 oare regionale omroppen. De earste edysje fan it Regio Songfestival hat plak op sneon 4 novimber yn de Stadsschouwburg yn Utrecht.
Eltse omrop leveret in eigen kandidaat. De 13 ynstjoeringen stride om de winst yn in grut live-optreden. De ynstek is om de dielnimmers yn de streektaal sjonge te litten.
De publyksstimming foar Liet set moandei 4 septimber útein. De akt dy't de measte stimmen fan de Fryske ynwenners krijt, pleatst harren streekrjocht foar de finale. De oare sân finalisten wurde oanwiisd troch de seleksjesjuery. It publyk kin stimme oant en mei woansdei 13 septimber fia www.liet.frl.