Marrit Jasper helpt Nederlân oan brûnzen medalje op EK follybal

Mei in izersterke Marrit Jasper ha de Nederlânske follybalsters brûns pakt op it EK. Yn de wedstriid om it tredde plak fersloech Nederlân regearjend Europeesk kampioen Italië mei 3-0 (25-23, 28-26, 25-20).
It is foar it earst sûnt 2017 dat de Nederlânske follybalsters Europeesk earemetaal winne. Doe waard Nederlân twadde op it EK. No moast Nederlân om it brûns stride, neidat regearjend wrâldkampioen Servië yn de heale finale te sterke wie.
Yn Brussel gong it hjoed yn de earste set lykop. Pas op 14-11 yn it foardiel fan Nederlân wie der foar it earst in gatsje fan grutter as twa. Op 22-18 wie de setwinst tichtby, mar Italië kaam werom oant 23-22. Op it twadde setpunt helle Nederlân de earste set binnen.
Spannende twadde, komfortabele tredde set
De twadde set gong bot op en del: Italië begûn sterker, mar op 8-11 pakte Nederlân acht punten achterelkoar. Dêrnei waarden de Italiaansen wer sterker en dy krigen sadwaande ek trije setpunten. Nederlân wurke se allegear fuort en sloech sels wol fuort ta doe't it 27-26 wie.

Mei noch ien set te gean fersloppe Nederlân net. Yn de tredde set hie Nederlân konstant de kontrôle en yn de slotfaze waard de foarsprong sa grut, dat de bank it feestje al begûn te fieren. Op 24-20 makke Nederlân dien wurk.
Twadde medalje Marrit Jasper, earste foar Hester
It is foar Marrit Jasper de twadde kear dat se mei Nederlân in medalje wint. Yn 2017 wie se der ek by, doe't Nederlân de finale fan it EK helle. Har rol is wol totaal oars: dit jier stie se alle wedstriden yn de basis en spile se alle kearen in belangrike rol.
Har jongere sus Hester siet earst net by de seleksje, mar waard ferline wike ynflein as ferfanger fan de blessearre Nova Marring. Foar har is it it earste sukses mei Oranje.
No it OKT
It folgjende belangrike toernoai begjint oer twa wiken al: dan striidt Nederlân mei sân oare lannen, wêrûnder Servië, om twa tickets foar de Olympyske Spelen fan takom jier. Dat kwalifikaasjetoernoai is fan 16 oant en mei 24 septimber yn Sina.