Suksespartoer Tjisse Steenstra nimt ôfskied mei winst

Renze Hiemstra, Tjisse Steenstra en Hans Wassenaar mei de krânsen yn Penjum © Martin de Jong Fotografie
It sterkste partoer fan de ôfrûne twa jier hat ek de lêste frijeformaasjepartij fan dit seizoen wûn. Yn harren lêste wedstriid mei-elkoar pakten Tjisse Steenstra, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar de krânsen yn Penjum.
Dat dienen se troch yn de finale ôf te rekkenjen mei it partoer dat twadde stiet op de ranglist: Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Erwin Zijlstra.
De finale gong earst lykop. Op 3-2 yn it foardiel fan Steenstra kaam de partij stil te lizzen, fanwegen in blessuere fan Van der Bos. Dy hie sa'n soad pine, dat Triemstra de opslach fan him oernimme moast.
© Martin de Jong Fotografie
Op 6-6 yn dat earst helle Triemstra noch in buordsje binnen mei in boppeslach, mar dêrnei rûnen Steenstra en dy dermei fuort. Op 5-3 6-4 wie it dien.

Twa kear PC-winst

It is de perfekte ôfsluting foar it partoer fan Steenstra, dy't takom jier mei twa nije maten keatst, omdat Hiemstra en Wassenaar nei dit seizoen ophâlde mei keatsen op it heechste nivo.
Steenstra, Hiemstra en Wassenaar ha trije jier mei-elkoar keatst. Sawol yn 2022 as dit jier wûnen se de PC. Dit jier binne se mei njoggen oerwinningen yn de frije formaasje oer it generaal ek de sterkste.
Takom jier foarmet Steenstra in partoer mei Menno van Zwieten en Gabe Jan van Popta.

Frije formaasje manlju 2023

Wêr Wannear Winner
Frjentsjer 7 maaie Menno van Zwieten (1)
Menaam 14 maaie Johannes van der Veen (1)
Sint Anne 21 maaie Gert-Anne van der Bos (1)
Dronryp 4 juny Tjisse Steenstra (1)
Stiens 11 juny Tjisse Steenstra (2)
Sint Jabik 18 juny Tjisse Steenstra (3)
Berltsum 25 juny Gert-Anne van der Bos (2)
Harns 2 july Menno van Zwieten (2)
It Hearrenfean 7 july Tjisse Steenstra (4)
Boalsert 9 july Marten Bergsma (1)
Huzum 16 july Gert-Anne van der Bos (3)
Minnertsgea 19 july Menno van Zwieten (3)
Ljouwert 23 july Tjisse Steenstra (5)
Seisbierrum 29 july Marten Bergsma (2)
Arum 30 july Tjisse Steenstra (6)
Frjentsjer (PC) 2 augustus Tjisse Steenstra (7)
Wytmarsum 6 augustus Marten Bergsma (3)
Moarre-Ljussens 19 augustus Gert-Anne van der Bos (4)
Bitgum 27 augustus Tjisse Steenstra (8)
Penjum 3 septimber Tjisse Steenstra (9)
Der steane dit jier noch twa trochelkoarlotterspartijen op it programma: takom wike yn Marsum en in wike letter yn Ljouwert.

Tuinenga wint ek wer

Ek it suksesfolste partoer by de froulju nimt ôfskied mei in oerwinning. Ilse Tuinenga, Anne Monfils en Marrit Zeinstra wienen hjoed de sterksten yn Reduzum. Dat wie foar de froulju ek de lêste frijeformaasjepartij fan it seizoen.
Yn de finale wienen Tuinenga-en-dy te sterk foar Jeldou Koopmans, Jeska Terpstra en Gerde Lycklama à Nijeholt. It is foar it partoer-Tuinenga de njoggende oerwinning yn de frije formaasje dit jier. Allinnich yn Grou, begjin dit seizoen, ferlearen se de finale.
Tuinenga, Monfils en Zeinstra hâlde nei dit seizoen allegear op mei keatsen op it heechste nivo.

Frije formaasje froulju 2023

Wêr Wannear Winner
Easterlittens 13 maaie Ilse Tuinenga (1)
Grou 11 juny Aletta van Popta (1)
Sint Jabik 18 juny Ilse Tuinenga (2)
Makkum 15 july Ilse Tuinenga (3)
Arum 30 july Ilse Tuinenga (4)
Wytmarsum 6 augustus Ilse Tuinenga (5)
Harns 12 augustus Ilse Tuinenga (6)
Easterein 20 augustus Ilse Tuinenga (7)
Weidum (PC) 23 augustus Ilse Tuinenga (8)
Reduzum 3 septimber Ilse Tuinenga (9)