Skysintrum Snits drok mei kursisten, foar wa't it Dútsk dreger is as it skyen

De skyleararen fan de takomst © Omrop Fryslân
Hoewol't skygebieten hieltyd minder wis binne fan snie, set Ski Centrum Sneek folop yn op it oplieden fan nije skyleararen. Tsien kursisten binne op dit stuit drok dwaande mei it earste part fan de oplieding.
Nei trije kursusdagen yn Snits folgje ek noch twa dagen yn Zoetermeer, dêr't yn in hal op echte snie traind wurdt. Want yn Snits fynt de National Snowsports Instructor-oplieding plak op de boarstelbaan.
Der binne te min skyleararen, dus hat it skysintrum yn Snits it drok mei kursisten
"Ik sky sûnt myn tsiende", jout Amber oan, ien fan de dielnimmers. "Ik haw altyd op skyfakânsje west mei myn famylje en freonen en ik siet ek by it skyteam op De Jouwer. Ik hie altyd wol bewûndering foar de skyleararen, dus dêrom tocht ik: dat wol ik ek."
De kursus is foar in part yn it Dútsk, want wolle de kursisten ek bûten Nederlân en België lesjaan, dan moatte se it ôfmeitsje yn Eastenryk. "Dat Dútsk is wol dreech. Mar mei wat help slagget it wol", seit sy.