Festival Psy-Fi hat nij plak fûn, mar wol noch net sizze wêr

It festival Psy-Fi hat in nije lokaasje fûn. De organisaasje wol noch net sizze wêr't dy krekt is, dat wolle sy de kommende wiken iepenbierje.
De organisaasje skriuwt it te sjen as in 'nij haadstik' foar it psychedelyske festival. Psy-Fi waard fan 2014 oant en mei 2019 holden yn de Griene Stjer yn Ljouwert en luts faak goed 10.000 besikers, mar koe de ôfrûne jierren hieltyd net trochgean.
Dat kaam foar in part troch de coronakrisis, mar noch faker trochdat de fergunningen ûnjildich ferklearre waarden yn de rjochtbank. Neffens de stichting Groene Ster Duurzaam botst it festival mei de natuerbelangen yn it gebiet.
De gemeente Ljouwert wol in nij bestimmingsplan skriuwe wêrmei't it hâlden fan festivals yn de Griene Stjer yn de takomst wer mooglik wurde moat, mar yn de tuskentiid is Welcome to The Village opholden te bestean en hat Psy-Fi in oar plak socht.
Serene marren, pittoreske eilannen, wielderige bosken en sânstrannen.
"We ha acht jier oan it sykjen west, mar we kinne no fol entûsjasme oankundigje dat we in nij 'thús' fûn hawwe", meldt de organisaasje. "In geweldich moai nij thús. Foarearst hâlde we de lokaasje noch wol geheim."
Wol jout de organisaasje alfêst in omskriuwing. "Byldzje dy serene marren, pittoreske eilannen, wielderige bosken en sânstrannen yn. Mei oare wurden, in fersterke ferzje fan wat we oant no ta hienen."
In datum foar Psy-Fi 2024 is der al wol: it twadde wykein fan july. Leafhawwers kinne har al ynskriuwe foar tickets op de festivalwebside.
Earder besocht
Psy-Fi wie earder ek alris fan doel om te ferhûzjen, mar kaam doe op dat beslút werom, op fersyk fan de gemeente Ljouwert en de provinsje. De datum waard oanpast fan augustus nei mids septimber om briedende fûgels net te steuren. Dat holp net, want de rjochter gong opnij net akkoart mei de omjouwingsfergunning.