Tropyske dagen yn septimber: de koarte broek kin wer út de kast

Fryslân set him skrep foar tropyske septimberdagen takom wike. Pleatslik kin it kwik wolris oprinne nei 30 graden. "Wy moatte der mar folop fan genietsje", seit waarman Jan Jonkman.
Foar meteorologen begûn freed de hjerst al, mar de kommende dagen lûke de temperatueren har dêr neat fan oan. Sterker noch, it wurdt folop simmer.
"Wy krije hiel oar waar", seit Jonkman. "Want it hegedrukgebiet dat no boppe ús leit, begjint wat fuort te krûpen. It leit moandei boppen Dútslân en dêrnei giet it nei it easten fan Poalen. It soarget derfoar dat der by ús waarme, drûge lucht oan komt takom wike."
Nei de 30 graden ta
Dat betsjut hjitte, mar ek in soad sinne. "De temperatueren rinne op nei simmersk waar. Moandei hawwe wy temperatueren fan sa'n 25 graden, tiisdei 26-27 graden en woansdei 26 oant miskien wol 30 graden yn it easten en súdeasten fan de provinsje."
Yn it hiele lân, útsein op de Waadeilannen, wurdt it moandei en tiisdei simmersk waarm.

Sokke hjitte is ûngewoan foar septimber en opmerklik om't augustus hielendal net sa tropysk wie.
"It is hiel bysûnder, want wy hawwe dit de hiele simmer amper hân. Wy sjogge wolris faker yn septimber dat in orkaan noch Spaanske lucht nei ús tafiert, mar dit is wol hiel bysûnder."
En dat yn septimber
Alle dagen stiet der in swakke, meast eastlike wyn. Jonkman foarseit dat we tongersdei noch hieltyd sa'n 26-27 graden hawwe. Freed liket it simmerwaar in lyts stapke werom te dwaan, mar it bliuwt noch gewoan waarm.
"Wy hawwe it oer septimber, mar it liket wol as sitte wy folop yn de simmer. It is mooglik dat wy yn it suden en súdeasten wolris de tropyske 30 graden helje kinne."

Yn Nederlân is in regionale hjitteweach sels net útsletten, al is dy kâns wol it grutst yn it súdeasten fan it lân.
De sinnekrêft leit yn dizze tiid fan it jier al wol wat leger, mar middeis kin it noch hieltyd in krêft fiif wêze. De hûd kin binnen in healoere ferbaarne, dus it advys bliuwt om dy goed yn te smarren.
Yn it wykein wurdt it waar mooglik wer wat minder, mar oant dy tiid bliuwt it moai. "It is no al septimber, dus ik soe sizze: profitearje derfan, dizze wike."