Hoe't it skûtsjesilen roeier Jan van der Bij holp by syn refalidaasje

Ymkje Clevering en Jan van der Bij by de Bosbaan yn Amsterdam © Omrop Fryslân
De oanrin nei it wrâldkampioenskip wie foar Jan van der Bij en Ymkje Clevering fier fan optimaal. Dochs hoopje de twa Fryske roeiers dizze wike mei te striden om de medaljes yn it Servyske Belgrado.
Nee, ideaal is it net as je trije wiken foar in WK noch yn in sikehûs yn Eastenryk telâne komme. It oerkaam Van der Bij op trainingskamp. "Ik waard wekker mei in stive nekke en it fielde krekt oft wie myn skouder út de kom. Ik begûn te switten en wit ik it allegear. Doe bin ik flau fallen."

Ofknypte senuw

Yn de hannen fan syn ploechmaten waard er wekker. "Se tinke dat ik fan de pine 'out' gien bin. De senuw is ôfknypt en dat hat hiel folle pine opsmiten", fertelt Van der Bij. Yn it sikehûs is er binnenstbûten keard om út te sluten dat er wat mei him oan de hân is.
It goeie nijs is dat er neat slims is. Mar, it soarge wol foar in kink yn 'e kabel yn de WK-tarieding.
"Ik mocht efkes net roeie. Dat wie hiel frustrearjend, want witst datst oer trije wiken op it WK stean moast", jout Van der Bij ta. "Mar ik gie mei sprongen foarút en nei in wike mocht ik de boat wer ynstappe en mocht ik wer roeie."
De manljus acht mei Jan van der Bij as tredde fan rjochts © ANP
Mar pinefrij is de 31-jierrige Aldegeaster noch altyd net. "Ik ha no noch hieltyd lêst fan myn nekke en skouder. Ik gean noch altyd nei de fysio om it los te meitsjen. We ha net de tiid en de rust om te op te knappen." Dochs kin er wol meidwaan oan it wrâldkampioenskip dizze wike.

Mei yn de SKS

Dêr hat it skûtsjesilen ek in rol yn spile. As lyts jonkje wie Van der Bij bemanningslid op it skûtsje fan Earnewâld. Doe't er werom wie út Eastenryk, hiene de roeiers wat mear frijheid en sa kaam it dat skipper en generaasjegenoat Sieberen van Terwisga him útnûge op it skûtsje fan Earnewâld.
Van der Bij wie mei op Ealahuzen en belibbe dêr oan de skoat it fjirde plak fan Earnewâld. "Dat wat der yn Eastenryk barde wie in mentale klap. Dêrfan moatte je opknappe. Ik die dat op dizze wize en mei in hiel leuke ploech yn in totaal oare sport waard it mentaal wol hiel fluch better."
Mar, sa moat Van der Bij tajaan: "Ik ha it de bûnscoach mar net ferteld."
It goud is wol it doel. Dêr steane alle pylken op rjochte.
Jan van der Bij
Tiisdei begjint it WK roeien foar Van der Bij yn de manljus acht. Se hawwe wat rjocht te setten, want yn maaie helle dy Nederlânske ploech brûns op it EK. Dêrnei hat de bûnscoach yngrypt en de helte fan de roeiers ferfong. Van der Bij mocht wol bliuwe.
De Fryske roeier tinkt dat de feroaring yn de ploech in posityf effekt hat. En dat se flugger binne. Dus is Van der Bij ek ambisjeus foar it wrâldkampioenskip: "It goud is wol it doel. Dêr steane alle pylken op rjochte."
In plak yn de top fiif op it WK soarget der boppedat foar dat de mannen acht pleatst is foar de Olympyske Spelen fan takom jier.
Ymkje Clevering (links) en Veronique Meester (rjochts) nei harren EK-sulver © ANP
En dat is krekt dêr't ek Ymkje Clevering dizze wike foar stride sil. Se sit yn de twa-sûnder-stjoerfrou mei Veronique Meester.
Sy moatte by de top alve sitte op dit WK om de boat te pleatsen foar de Spelen. Dan hat Nederlân in startplak op dat ûnderdiel. It betsjut net dat Meester en Clevering dan automatysk hinne kinne, want de bûnscoach wiist oan wa't der yn de boaten sitte.

Traine yn eigen lân

Ek foar Meester en Clevering rûn it net hielendal sa as se woenen de ôfrûne tiid. Se hawwe de lêste wrâldbekerwedstriid yn Switserlân mist, om't se yn Nederlân bleaun binne om te trainen. Meester wie net fit en dêrom hawwe se der foar keazen om yn eigen lân trainen te bliuwen.
Uteinlik hat de tarieding dochs sa goed west, dat ik der wer nocht yn ha.
Ymkje Clevering
Dêrneist krigen se ek in mentale tik. Earder dizze simmer seagen se harren Australyske konkurrinten yn de twa-sûnder in wrâldrekôr (6.47,11) roeien.
"Dêr ha we echt fan yn sek en jiske sitten", jout Clevering ta. "Doe ha we wol in dip hân yn de motivaasje. We ha wol in tiidsje mei de hannen yn it hier sitten en tocht: hoe moat it no?"
Dy fraach hat Clevering yntusken beäntwurde. Se hawwe de flugge tiid fan de Australiërs as rjochttiid naam op de trainings.
"Uteinlik hat de tarieding dochs sa goed west, dat ik der wer nocht yn ha. Dat we dochs mei safolle fertrouwen nei dit toernoai ta geane, is hiel noflik", fynt de 28-jierrige Haulerwykse.

Amearika en Roemenië

Sterker noch: Clevering tinkt dat se it Australyske twatal partij biede kinne. "Ja, we hoopje dat we dy snelheid fûn ha en in moaie wedstriid tsjin se roeie kinne. En dat it net foarôf al bepaald is wa't der wint. We tinke echt dat we der wat tsjinyn bringe kinne."
Neist Australië moatte Clevering en Meester ek rekken hâlde mei Amearika en Roemenië. Dat lêste lân wûn op it EK yn maaie goud, krekt foar Clevering-en-dy. En dus is de konkurrinsje grut, mar sa seit Clevering striidfeardich: "Wy bin der klear foar."

De planning op it WK

  • Moandei 10.34 oere: twa-sûnder-stjoerfrou mei Ymkje Clevering (heats)
  • Tiisdei 13.12 oere: manljus acht mei Jan van der Bij (heats)
  • Tongersdei 10.55 oere: twa-sûnder-stjoerfrou mei Ymkje Clevering (heale finales)
  • Sneon 13.34 oere: twa-sûnder-stjoerfrou mei Ymkje Clevering (finale)
  • Snein 14.59 oere: manljus acht mei Jan van der Bij (finale)