It libbensferhaal fan Henk Gemser: "Somtiden is ôfnimme ek helpe"

Henk Gemser by syn âlde basisskoalle yn Frjentsjer © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
"Noait ôfhinklik fan in oar wêze en in eigen paad kieze. Altyd sels de rezjy hâlde." Dat is de opdracht dy't Henk Gemser himsels joech doe't er op eigen fuotten kaam te stean. Hy waard in tige suksesfol reedrydcoach.
De widze fan Hendrik Minne Gemser stie op 6 april 1940 yn Berltsum. Mar oan Frjentsjer hat er de measte oantinkens fan syn bernejierren.
Doe't de lytse Henk sân jier âld wie, twa jier nei de oarloch, ferhuze de famylje Gemser nei de Hertog van Saxenlaan. Henk wie soan fan in gymnastyklearaar en keas sels ek foar de sport.
In fertroud byld: coach Gemser yn Thialf oan it oanmoedigjen © ANP
Henk seach krekt foar it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch it libbensljocht. In soad oantinkens hat er net oan syn tiid yn Berltsum. It iennige dat er noch wit is dat er efterop de fyts fan in Dútske soldaat siet.
De berte fan Henk kaam ek yn de Bildtsche Courant © Delpher
As lyts jonkje wist er fansels net wat dat betsjutte. Mar as er thúskomt, wolle syn mem en buorlju krekt witte wat er oan de soldaat ferteld hat. Heit Gemser wenne net mear thús. Hy is ûnderdûkt om oan it ferplichte oan it wurk setten yn Dútslân te ûntkommen.
De jonge Henk © Henk Gemser
Nei de oarloch ferhuze de húshâlding nei Frjentsjer. Heit Gemser wurke as gymnastykdosint, mar is ek as trainer by ferskate sportklups. De jonge Henk wie ek in sportive jonge.

Heit wie dominant

Oer syn âlden is Gemser dúdlik: "Myn mem wie in hiel leave frou. Mar myn heit wie net leaf foar ús as bern." Dêrtroch wie syn jeugd net altyd like maklik, fertelt de yntusken 83-jierrige âld-coach.
Heit wie easkerich en dominant. "As wy oan tafel sieten en ik sei 'Ik denk', dan sei hy 'Jij hoeft niet te denken. Dat doe ik wel voor jou. Jij hoeft alleen maar te doen wat ik zeg'."
Leaver harkje nei it libbensferhaal fan Henk Gemser? Dat kin hjir
Fierder wol Gemser der net al te folle oer kwyt. "It leit gefoelich. Wolst netsjes bliuwe en it is ek net myn aard om my ôf te setten." Mar dúdlik is wol dat it ynfloed hân hat op syn fierdere libben.

It stjoer yn eigen hannen

Mei 18 jier gie Henk it hûs út, mei de gedachte dat er noait wer ôfhinklik fan in oar wêze woe en it stjoer yn eigen hannen hâlde woe.
Hoewol't der thús spanningen wiene, hie syn jeugd ek tige moaie kanten. Mei freonen fan de HBS yn Harns op 'e fyts de wrâld yn. Op fakânsje nei Lúksemboarch en Denemarken. En sporte, dat is in grutte leafde.
Henk wie goed yn atletyk, hurdfytsen en reedriden. It koartebaanriden wie ien fan de dissiplinen dêr't de jonge Henk yn útblinkt.
Yn dit hûs groeide de lytse Henk Gemser op © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Henk gie it hûs út om yn Amsterdam te studearjen oan de sportakademy. Dêr gie in wrâld iepen foar de jonge Fries.
Hy seach dat der ek oare sporten wiene, lykas basketbal en honkbal. Mar ek fakken as filosofy en keunstskiednis. Hy fûn it wol wat gek, want wat hat dat no mei sport te krijen, mar hawar.

Lesjaan, hy die it mar

Letter die bliken dat Henk der dochs in soad oan hân hat. Nei de sportakademy gie er yn tsjinst en waard er oplaat ta sportoffisier: hy moast sportlessen jaan oan sersjanten. Eins wie it mar gek, seit er no. "Ik hie absolút gjjn ûnderfining mei lesjaan, mar it moast. Dus je diene it."
Doe kaam it wurk oan skoalle. Oan de mulo yn Arnhem. Yntusken hie Henk Gemser syn leafde fûn yn Annie Schuurman. By it koartebaanriden hiene se inoar troffen. Annie wie in tige goede reedrydster en stie op it punt yn de nasjonale seleksje mei te trainen.
Mar doe krigen se in ûngelok. Annie rekke swierferwûne. It betsjutte de ein fan har karriêre. In drege tiid. Mar se setten tegearre troch. En letter krigen se twa bern.
Henk Gemser en Annie Schuurman op harren troudei, 29 juny 1966 © Henk Gemser
Dêrneist kaam der noch in lyts jonkje as pleechbern. Asuquo, in jonkje út Biafra (Nigearia), wie yn in refalidaasjesintrum yn Arnhem telâne kaam. Annie Gemser wurke dêr en naam Asuquo yn de wykeinen mei nei hûs. Sa waard er opnommen yn harren húshâlding.

It ferlies fan de lytse Asuquo

Nei trije jier kaam fan hegerhân it befel dat Asuquo werom moast. Henk en Annie Gemser joegen dêr gehoar oan en Asuquo gie werom nei Biafra. Nei in heal jier krige de famylje Gemser it berjocht dat Asuquo ferstoarn is.
No noch hat Henk der lêst fan. It makket ek dat Gemser him bot drok makket oer bygelyks berne-arbeid en de flechtlingeproblematyk.
"Minsken yn de Sahara dy't dêr as kadavers lizze. Dan doch ik de telefyzje út. It is de ûnmacht fan ús allegearre. It is logysk dat se hjir komme. Wy moatte wat fan ús lúkse ynleverje."
Buro de Vries siket dizze simmer libbensferhalen op fan bekende(re) Friezen en Friezinnen op leeftiid. Se sjogge werom op har jeugd en wat foar ynfloed oft dat hie op har libben. De libbensferhalen binne sneins om 12.00 oere op de radio te beharkjen en ek fia podcast-apps Spotify en Apple Podcasts.
Ein jierren '60 makke Gemser syn yntree yn it coachingsfak. Mei manlju as Ard Schenk, Jan Bols en Kees Verkerk die er kondysjetrainingen. As jonge trainer wie it in hiele útdaging om dy matadors yn 'e macht te krijen.
De jonge coach wie mar sa'n trije jier âlder as de riders. Se wiene bytiden net al te serieus, mar de jonge ambisjeuze trainer woe syn programma wol ôfwurkje. Op in bepaald stuit krigen se dat wol yn 'e gaten, fertelt Gemser. Sa ûntstie der dochs dissipline yn de ploech.
Henk Gemser © ANP
It wie in prachtige tiid. Dêrnei waard er begjin jierren '70 trainer fan de frouljuskearnploech. It wie it begjin fan in grutte karriêre yn ferskate perioaden. Reedriders lykas Hein Vergeer, Hilbert van der Duim en Ids Postma, Gianni Romme en Bob de Jong: it binne mar in pear suksesfolle nammen dy't Henk Gemser as trainer hiene.

Net al te diplomatyk

Maklik foar de pommeranten is Henk lykwols net. Trije kear kriget er op slach dien. Eins yn alle gefallen fanwegen it net al te betochtsum operearjen yn 'e rjochting fan bestjoerders.
Gemser op it EK yn 1988 © ANP
"Ik wie net sa diplomatyk. Yn 'e amateurwrâld wie ik mei myn holle al in prof. Ik hie it sa yn 'e kop en dan sette ik dat troch." Dat sjerp somtiden better wurket as in hakbile, dat wit de 83-jierrige Gemser yntusken wol. "Mar dat moast ik doe noch leare", seit er laitsjend.

Oan alles komt in ein

Ien fan de fertrietlike oantinkens wie it momint dat him dúdlik waard dat it mei de karriêre fan Gerard Kemkers dien wie. In jier lang begelate Gemser de rider, dy't lêst hie fan in saneamde swabberfoet, in bewegingssteurnis. Mei neurologen en doktoaren waard fan alles besocht, mar neat holp.
Henk Gemser en Gerard Kemkers © ANP
Neffens Gemser wie dat allinnich mar symptoombestriding. Op ien fan de lêste trainingen foardat der in beslismomint komme moast, siet er mei Kemkers op in bankje en frege er Kemkers om de redens út te dwaan.
"Ik krige syn redens. Hy krige se net werom. Ik haw sein: 'Je topsportcarrière is voorbij.' Dêrnei ha wy tegearre op it bankje gûld." It wie neffens him it iennige goede beslút. "Somtiden is ôfnimme ek helpe."
Coach Henk Gemser (rjochts) mei Ids Postma (links) © ANP
It libben dat Gemser hie, spile him benammen om de iisbanen hinne ôf. Mar letter ek as chef de mission fan de reedriders by de Olympyske Spelen yn Vancouver.
Hy wie ek noch technysk direkteur by it silersbûn en hie noch in tal funksjes yn de sportwrâld. Altyd wie er dwaande. Foar Annie en de bern wie Henk faak de grutte ôfwêzige. Annie regele alles, die de reedrydskoalle, mar gie der ek mei de bern út. Sy ried de bern nei de sporten en se soarge foar de húshâlding.

Annie die alles

It wie gewoan sa, fertelt Gemser. Doedestiids hat se der noait wat oer utere, mar letter hat se der wolris wat oer sein. Doe't se siik wie, fertelde se har man: "Ik haw, doe't ik mei de hûn rûn en op in beamstam siet, wolris tocht: fyn ik dit noch wol leuk?"
Henk en Annie Gemser © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Henk wie 74 jier doe't syn Annie siik waard. Oant dy tiid wie er noch tige aktyf yn ferkate (sport)organisaasjes. Mar dat hold akút op doe't Annie kanker krige.
Der wie in nij doel: syn frou sa goed as mooglik fersoargje en begeliede yn de dreechste faze fan har libben. Uteinlik ferstoar se yn maart 2017 yn Aldehaske, 74 jier âld.

De lytse mominten

Yn de tiid dat syn frou siik wie, learde de man dy't altyd mei de takomst dwaande wie dat de lytse mominten yn it no ek hiel wichtich binne. Dy lytse mominten koesterje, dat is o sa fan belang. Earder hie er dat net. "Nee, myn stip siet altyd op de eachein."
Henk Gemser yn 2020 © ANP