Park Huize Olterterp is sûnt koart in monumint, frijwilligers kinne oan de bak

Stefien Smeding fan It Fryske Gea © Omrop Fryslân
De tún fan Park Huize Olterterp by Beetstersweach hat in monumintale status krigen. It Fryske Gea kin dêrmei subsydzjes krije. Sa kin de parktún yn syn âlde, njoggentjinde-iuwske gloarje opknapt wurde.
"Dizze leane rûn eartiids hielendal troch nei it hûs", seit Stefien Smeding fan It Fryske Gea, as sy wiist nei in stik gers mei beammen der by del. Fan de âlde adellike tún binne de kontoeren noch sichtber. "Mar ast witst hoe't dy tún der útseach, sjochst dat it folle better kin", seit Smeding.
Monumintestatus foar Park Huize Olterterp
In tún krijt net gau in monumintale status. De gebouwen op it bûten hiene dy status al wol. "Wy hawwe yn it earste plak in soad ûndersyk dien en sjoen nei: wat foar wearden hawwe wy hjir eins?", fertelt Smeding.

Vlaskamp en Roodbaard

Ut dat ûndersyk die bliken dat it goed mooglik is dat de tún ûntwurpen is troch Fryske túnarsjitekten Gerrit Vlaskamp en Lucas Pieters Roodbaard.
"Benammen de lêste ûntwerper hat de trochslach jûn by de Rijksdienst voor Cultureel Erfgoed. Dy hawwe sein: dit is wol belangryk, dit wolle wy beskermje."

Oan it wurk

Troch de status kin It Fryske Gea subsydzjes ontfange. Der moat lykwols wol in hiel soad barre. Paden binne tichtgroeid, in parkearplak moat ferpleatst wurde en beammen moatte fuorthelle of ferpleatst wurde bygelyks.
© Omrop Fryslân
Dêrom stiet de organisaasje te springen om frijwilligers, seit Smeding. "Minsken mei en sûnder griene fingers kinne harren oanmelde."
De ferwachting is dat it ûngefear trije jier duorje kin oant de tún hielendal klear is.