Fuotbalje op Syprus is foar Diemers in stap út syn komfortsône

Mark Diemers mei it shirt fan syn nije klup © AEK Larnaca
Mei de stap nei Syprus soe Mark Diemers him yn de skynwerpers spylje kinne by topklups út Grikelân of Turkije. Mar earst Syprus dus, dêr't de Ljouwerter fuotballer in twajierrich kontrakt tekene hat.
Diemers (29) hat der gjin geheim fan makke dat er noch in bûtenlânsk aventoer oangean woe. Der binne trije redenen wêrom't de middenfjilder foar AEK Larnaca kiest. "Vanwege het leven natuurlijk. Vanwege goede gesprekken met de club. En vanwege het financiële plaatje. Die drie dingen kwamen goed samen. Dus ik ben heel erg blij met deze stap."
Yn earste ynstânsje like fuotbalje yn Dútslân, Spanje of Italië him wol wat. Mar mei Syprus wurdt it dus hiel wat oars. "Er kwam wel interesse uit de landen waar ik graag naartoe wilde, maar dat pakte niet door. En het is bij mij graag of niet. Als het niet is, is het ook goed, maar dan gaan we andere keuzes maken", leit Diemers út.
Ik vind het ook leuk om eens buiten m'n comfortzone te gaan.
Mark Diemers
Yn Nederlân koe Diemers nei klups as Heracles Almelo, Excelsior en Vitesse. Mar hy woe wat oars. "Het is makkelijk om in Nederland te blijven, maar dit is een andere stap in m'n carrière die ik nog niet heb gehad. Ik vind het ook leuk om eens buiten m'n comfortzone te gaan."
Foarich seizoen einige AEK Larnaca as twadde yn de Syprioatyske kompetysje. Dêrmei pleatsten se harren foar de kwalifikaasje fan de Conference League. Europeesk fuotbal sit der lykwols net yn foar Diemers, want Maccabi Tel Aviv hat Larnaca al útskeakele.
Foar't er op it fleantúch nei Syprus stapte, lei Mark Diemers syn kar foar AEK Larnaca út
De kompetysjestart is ek noch net top, dochs is Larnaca ambysjeus. "Ze spelen mee voor het kampioenschap", wit Diemers. Hy hat him goed ferdjippe yn syn nije wurkjouwer. "Ik heb heel veel navraag gedaan en uitsluitend positieve verhalen gehoord."
As de oanfallende middenfjilder goed prestearret yn Syprus, soe er nei in oansprekkender kompetysje kinne. Hy wit dat topklups yn ûnder oare Grikelân en Turkije de Syprioatyske kompetysje op 'e foet folgje. "Wie weet kan ik van daaruit ook weer grote stappen maken."
Mark Diemers is net de iennige Fryske fuotballer op Syprus. Ek Lucas Bijker makke koartlyn de oerstap nei it Súdeast-Europeeske eilân. Hy spilet by Ethnikos Achnas. Tafallich spilen Ethnikos en AEK Larnaca, de nije klup fan Diemers, ferline wike tsjin inoar. Sûnder de beide Friezen waard it in spektakulêr duel: 5-5.
Bijker fertelde yn de Sportcast ferline wike oer syn stap nei Ethnikos: "Het is een vrij kleine familieclub. Ik heb heel veel leuke en lieve mensen ontmoet. Het gevoel is goed."
Wis is dat Diemers de doar by Cambuur foarearst efter him tichtgoaid hat. Ofrûne tongersdei trainde er foar it lêst mei, nei't er heal july by de klup kaam om syn kondysje op nivo te hâlden. "Vanaf dag één dat ik ben binnengekomen, is het een warm bad geweest. Ik hoop dat ik spelers heb kunnen helpen."
Neffens Diemers is it net fanselssprekkend dat in âlde klup him sa fleksibel opstelt. "Dus ik ben Cambuur daar voor eeuwig dankbaar voor." En as it oan him leit, is it in oant sjen en net in farwol. "Het is wel mijn doel om terug te keren bij mijn club."