Heit en soan De Jong helje by De Westhoek de hermosajirpels mei de hân fan it lân

In bysûnder byld sneontemoarn by De Westhoek op It Bilt. Om harren klanten net teloar te stellen, helje heit en soan De Jong fan de firma Bildts Genot de ytjirpels foar de hoareka en de partikuliere merk âlderwetsk mei de hân fan it lân.
It giet om jirpels fan it ras hermosa. Dat leit net yn 'e winkel, mar de hoareka yn de streek is der tige wiis mei.
"Wij tele foor de groate met, maar ok foor de lokale met en horeka. Die wille graag met ôns irpels beginne", fertelt Sjoerd de Jong. "Wij lope nag hyltyd 'n maand achter op skema, maar wille ôns klanten niet langer teleurstelle. Dan maar ouwerwets op de knieën."
It jirpeldollen leit in moanne efter op skema
Je sjogge it net in soad, dat grutte bouboeren op 'e knibbels yn it lân de jirpels mei de hân oppakke. It is in kwestje fan trochpakke, mei de holle derby. Mei it sintsje derby is it op it boulân tusken de Alde- en de Nijebiltdyk goed út te hâlden.
As it drûge waar trochset, is de ein fan it hânwurk yn sicht en kinne heit en soan De Jong nije wike wol mei grutte masines oan it wurk. Dat is mar goed ek, want 60 bunder jirpels mei de hân fan it lân helje is sels foar dizze hurde wurkers tefolle. "Hooplik kinne wij ankommende maandag ok masjinaal los", seit De Jong junior.
