Eric Lansu folbringt tocht fan 1200 kilometer yn de rolstoel: "Dit maakte enorme indruk"

Eric Lansu op It Hearrenfean © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Eric Lansu hat syn tocht fan 1200 kilometer fan Switserlân nei Fryslân yn de rolstoel folbrocht. Mei syn prestaasje foar it goede doel wol hy sjen litte dat minsken mei in beheining noch folop meidogge yn de mienskip.
"Ik vergeet dit nooit weer", seit Lansu, as hy sneon op it stasjon fan It Hearrenfean stiet. It is de lêste dei fan de tocht op de planning. Noch tritich kilometer fan It Hearrenfean nei Ljouwert.
Eric Lansu gie fan Switserlân nei Fryslân yn syn rolstoel
Lansu pakt op it stasjon syn guod byinoar. Efter de rolstoel sit in karre dêr't de klean en it sliepguod yn lizze. Oan de sydkant hinget in wyt spandoek mei de swarte letters: 'Onbeperkt Friesland, 1200 kilometer'. De Switserske en de Fryske flagge meitsje it gehiel ôf. Sa giet hy rjochting Ljouwert.
Benammen de moetingen ûnderweis sille Lansu bybliuwe, tinkt hy. "Ik mocht in Arnhem een schoolklas van kinderen met een beperking toespreken. Dat maakte diepe indruk, want zij begrijpen precies wat je doorstaat. Eindelijk word je dan begrepen, maar krijgen zij ook een gevoel van eigenwaarde. Daar heb ik een paar traantjes weggepinkt."
Als je mensen in een rolstoel ziet, moet je niet denken dat die niks meer kunnen.
Eric Lansu
Lansu sporte eartiids in soad, mar troch in ûngelok mei de fyts kaam hy in rolstoel. By him gong fuortendaliks de knop om en hy woe sjen litte dat hy noch gewoan folop meidwaan kin.
"Als je mensen in een rolstoel ziet, moet je niet denken dat die niks meer kunnen", seit Lansu. "Wij kunnen gewoon net zo goed meedoen als anderen. Misschien zelfs wel beter."

Meunstertocht

Om sjen te litten dat hy dat kin, die Lansu in tocht fan 1200 kilometer yn trije wiken. It wie in moaie ûnderfining, seit er. Dochs is der wol wat pine. Lansu tapet foar de lêste kilometers de hannen ekstra goed yn. "Maar de meeste pijn heb ik in mijn rug en mijn heupen. Je gaat constant heen en weer en dat doet zeer."

Meirinners

Foar de lêste kilometers rinne seis minsken mei. "Ik ha djip respekt foar Eric", seit Douwien Hofstra. Sy rint mei har man Ben Bloemink nei de einstreek. "Der binne genôch dy't noch net iens dy ôfstân rinne kinne, lit stean rôlje. Ik fyn it fantastysk, dat hy dit dien hat."