Hollanners Timmerarends en Overbeek pakke Nederlânske fierljeptitels

De winners fan it NK Fierljeppen © Martin de Jong
Erwin Timmerarends fan Bodegraven is sneontemiddei Nederlânsk kampioen fierljeppen wurden. De Hollânske ljepper sprong yn de finale yn Drylts nei 21,10 meter.
Freak Kramer fan It Heidenskip pakte de sulveren plak mei 20,65 meter. De nûmer trije, Rutger Piersma fan Koudum, sprong yn de finale mar ien sintimeter minder fier. Thewis Hobma fan Harns wie de tredde Fries by de seis finalisten. Hy waard fiifde mei 20,19 meter.

Van der Wal nimt ôfskie sûnder finaleplak

By de froulju ek gjin Frysk sukses, alteast gjin gouden medalje. De titel gie nei Fabiënne Overbeek fan Benschop. Se sette al yn de foarronde in ôfstân fan 15,68 meter del en dêr kamen Joriene Baas en Sigrid Bokma yn de finale net mear oerhinne. Bokma fan Hylpen waard mei 15,05 meter wol de vice-kampioen.
Regearjend Nederlânsk kampioene Tessa Kramer waard yn de foarrondes al útskeakele. Se kaam net fierder as 14,36 meter. Marrit van der Wal fan It Heidenskip koe it ein fan har karriêre ek net bekroane mei in finaleplak. De 25-jierrige ljepster, dy't oankundige hie dat it har lêste NK wêze soe, sprong yn de foarrondes 14,92.
Marrit van der Wal oer har alderlêste NK Fierljeppen
De titel by de junioaren gie nei de thúsfavoryt Michiel Zijlstra fan Easthim. Hy sprong in nij persoanlik rekôr fan 19,89 meter. Dêrmei wie er better as de oare finalisten, Wisse Broekstra fan Tsjummearum (19,59) en Hidde van Dam fan Montfoort (19,31).
Zijlstra wie úteinlik de iennige Fries mei in Nederlânske titel, want ek by de jonges en de famkes gie in Hollanner der mei de titel fantroch. By de jonges wie it Harmen Bogaard yn in nij skânsrekôr fan 19,27 meter. By de famkes wûn Gemma van Oosterom yn 15,18 meter.