Goudzwaard sechsde op list Keamerferkiezingen JA21, Spoelstra heechste Fries by CDA

Maarten Goudzwaard © ANP
Frysk Steatelid Maarten Goudzwaard fan JA21 wurdt de nûmer seis op de list fan de partij foar de Twadde Keamerferkiezingen. Dat is sneon bekend makke by in kampanjegearkomste fan de partij yn Amersfoort.
Joost Eerdmans wurdt de listlûker, mei-oprjochter fan JA21 Annabel Nanninga komt op it twadde plak fan de list. It wie al bekend dat Nanninga de Twadde Keamer yn woe en dat late ta in soad opskuor yn de partij.
Nanninga soe mei har kandidatuer foar de Twadde Keamerferkiezingen en oare funksjes in baantsjeskarrûsel oanmoedigje. Goudzwaard feroardiele dy krityk fan ferskate partijgenoaten.

Foarige kear fjirde

By de foarige Keamerferkiezingen stie Goudzwaard op it fjirde plak op de list. Dat wie krekt te min om yn de Twadde Keamer te kommen. Op dit stuit hat JA21 ien sit, omdat twa Keamerleden oerstapt binne nei de BBB.

Noch in Fries

Op it njoggende plak fan de list foar de kommende Keamerferkiezingen fine we Ronald Dijksterhuis werom, dy't op it stuit algemien direkteur en gemeentesekretaris fan de gemeente Dantumadiel is.

Kandidatelist CDA

Ek de kandidatelist fan it CDA is sneon bekend makke. Fan de 49 kandidaten komme der 2 út Fryslân. Wethâlder Jouke Spoelstra fan de gemeente Achtkarspelen stiet op it 11e plak, riedslid en fraksjefoarsitter Wieke Goudzwaard-Wiersma fan CDA Ljouwert is werom te finen op plak 24.
Jouke Spoelstra, CDA Achtkarspelen © Binne-Louw Katsma